Wer ûngelok op de N359, meardere minsken ferwûne

De auto is folslein skansearre © CAMJO Media
Der binne tongersdeitemiddei meardere minsken ferwûne rekke by in ûngelok mei in bedriuwswein, in auto en in motor yn Wommels.
It ûngelok wie by de krusing tusken de Westergoawei (N359) en de Berkwerterleane. Hjir barre wol faker ferkearsûngemakken.
Tongersdei bedarre de auto op syn sydkant. De brânwacht moast yn aksje komme om de persoan yn de auto te befrijen. Ek de bedriuwswein en de motor rekken skansearre. Der binne op syn minst twa persoanen nei it sikehûs oerbrocht.
De dyk yn de rjochting fan Ljouwert waard nei it ûngelok in skoftke ôfsletten.