'Simmer yn Fryslân' is op ûntdekkingstocht yn Feanwâlden

'Simmer yn Fryslân' is op ûntdekkingstocht yn Feanwâlden
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we tongersdei yn Feanwâlden. Ferslachjouwer Esther Dijkstra is op ûntdekkingstocht by de moaiste plakjes fan Feanwâlden del.
Esther komt yn de kunde mei Jan Bruinsma, Annemarije Morssink en al harren blide bisten fan Boerderij de Omleiding.
Dêrnei is der noch tiid foar in bakje by De Ferbining. Dizze lunchroom is bekend fanwege de kânsen dy't eigener Martina Tolsma oan har wurknimmers jout. Dy wurknimmers binne minsken mei in beheining; Tolsma fynt it wichtich dat sy ek bûten it klasselokaal by de mienskip belutsen reitsje.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Freed 5 augustus is Omrop Fryslân yn Ferwâlde. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.