"Wettertekoart falt yn Fryslân noch wol ta, wol sunich mei wetter wêze"

© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Der jildt offisjeel in wettertekoart yn Nederlân. De problemen spylje lykwols mear yn it suden fan it lân. Yn Fryslân liket it bot mei te fallen, meldt Wetterskip Fryslân.
Minister Harbers fan Infrastructuur en Waterstaat. hat it tekoart offisjeel ôfkundige. Dat betsjut dat minsken suniger mei it wetter omgean moatte. Ek kinne slûzen minder faak iepen.
"It is wol in drûge simmer, mar gjin ekstreem drûge simmer yn Fryslân", seit Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân. Dat komt trochdat de provinsje mear delslach hân hat yn ferliking mei oare dielen fan Nederlân. Sa hat it bygelyks ôfrûne snein sawat de hiele dei reind.
Yn Fryslân leit it delslachtekoart no op sawat 130 mm, lanlik leit it op 200 mm. Elke simmer is der in delslachtekoart, want der is mear ferdamping as delslach. Normaal is der yn de simmer 110 mm delslachtekoart, neffens it wetterskip. Mei 130 mm sit Fryslân dêr no wol wat boppe.
Frank Jorna
De Iselmar is foar Fryslân in wichtige wetterbuffer. Jorna: "We litte dêrrwei wetter yn de boezem, om it peil yn sleatten en kanalen heech genôch te hâlden."
Wetter yn de Iselmar wurdt oanfierd út de rivieren de Isel en de Rijn. Dêr sakket it peil ek. Jorna neamt de situaasje 'soarchlik'. It wetterskip hâldt it peil yn de Iselmar yn de gaten. "We moatte sunich wêze mei it wetter dat we hawwe."
It is it fyfde wettertekoart sûnt it jier 2000. Wetterskip Fryslân is dwaande mei in projekt om wetter better fêst te hâlden.
Fiif tips om wetter te besparjen
Dûs net langer as 5 minuten;
Ynstallearje in wetterbesparjende dûskop;
Wês sunich mei it sproeien fan de tún;
Hein wetter op en brûk it opnij;
Ferfang tegels yn de tún troch begroeiïng.
Boarne: Milieu Centraal