Rutger Piersma springt as iennige 20 meter by ljepperij yn Burgum

Rutger Piersma © Fotopersbureau Martin de Jong
Rutger Piersma hat woansdei it fierst ljept by de wedstriid yn Burgum. Hy sprong eksakt 20 meter. It is Piersma syn fjirde deititel fan it seizoen.
De ôfstannen foelen by de senioaren de folsleine jûn eins wat ôf. Njonken Piersma kaam der net ien oan de 20 meter. Sytse Bokma (19,78) en Bauke de Jong (19.68) makken it poadium kompleet.
Djiptepunt wie dat by de lêste finalesprong nimmen in jildige ôfstân delsette. Piersma sprong bryk en alle oare finalisten hellen net iens drûch de oare kant. Al hie dat fansels alles te krijen mei it feit dat de oare ljeppers risiko's nimme moasten om oer de ôfstân fan Piersma hinne te kommen.
Rutger Piersma pakt syn fjirde deititel

Van der Wal de bêste frou

Marrit van der Wal pakte de oerwinning by de froulju. Se kaam ien kear oer de 16 meter hinne (16,48 meter) en dat wie fuort genôch foar de winst. Sigrid Bokma kaam mei 16,31 meter noch wol yn de buert. Femke Brouwer út Arum waard knap tredde mei in nij PR fan 15,46 meter.
Van der Wal is no wer de nûmer ien yn it klassemint.
Van der Wal hat de liederstrui werom
By de junioaren wie Peter Faber út Oldehove de ferrassende winner. Yn syn lêste finalesprong ljepte hy nei 18,94 meter, foar him in pr. Wisse Broekstra en Michiel Zijlstra einigen as twadde en tredde.
Rutger Piersma springt 20 m. yn Burgum
Hanneke Westert wie wer ris de bêste by de famkes. Sy sprong in ôfstân fan 15,90 meter. Nei de foarronde wie se mei 15,01 m. noch twadde: Jeltske Terpstra hie mei 15,24 meter nammentlik in kreaze ôfstân delsetten. It wie foar har in pr. Ek Rianne Kampen ferbettere har pr: sy kaam ta 14,25 meter.
By de jonges gie de oerwinning nei Erwin Lefferts. Hy sprong mei 17,59 meter ek al in kreas pr. Dêrmei pakt hy ek de Fryske leiderstrui. Ek nûmer twa Auke-Jan Jilderda hie noch nea sa fier sprongen as de 17,46 meter dy't er woansdei delsette. Hy waard dêrmei twadde.