'Simmer yn Fryslân' is op besite by in buerthûs yn Frjentsjer

'Simmer yn Fryslân' is op besite by in buerthûs yn Frjentsjer
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we woansdei yn Frjentsjer. Ferslachjouwer Esther Dijkstra is op de dei fan de PC yn buerthûs het Westpunt om in yndruk te krijen fan in moai stikje Fryske kultuer.
Yn it buerthûs sit de sjoelklup fan buertferiening mei de namme 'Het Westen'. Mei akkordeonmuzyk op de eftergrûn fertelt foarsitter Ed Dahmes fan de sjoelklup ús wat oer himsels en syn klup.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Tongersdei 4 augustus is Omrop Fryslân yn Feanwâlden. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.