Geert van Tuinen oer de PC: "Trije toppartoeren dy't allegear in probleem ha"

Geert van Tuinen © Dijks Fotografie / Omrop Fryslân
De sânde foar Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra? Makket it troch blessueres teistere partoer fan Bergsma noch kâns? Kin Tjisse Steenstra foar it earst winne? Of soarget in oar partoer foar in ferrassing?
Noch ien dei, dan komme de antwurden op dy fragen, as de 169e PC keatst wurdt. Mei keatsferslachjouwer Geert van Tuinen sjogge we foarút.
Geert, de lotting hat west. Wat springt der foar dy út?
"Dat it eins bêst in moaie lotting is. De toppartoeren binne moai út elkoar lotte. Yn it earste blokje fan acht sitte twa toppartoeren: It partoer fan Van der Bos en it partoer fan Bergsma. Sy kinne elkoar net earder treffe as yn de heale finale. Dat is wol moai.
Foar it partoer Steenstra hat de lotting it bêst útpakt. Sy sitte as iennige toppartoer yn de ûnderste acht op de list. Je soenen sizze: it paad nei de finale leit foar dit partoer iepen."
Wa sjochsto as grutste favoryt?
"Tsja, lykas yn it hiele seizoen sjoch ik ek no trije toppartoeren. Van der Bos, Bergsma en Steenstra. Sy ûntrinne elkoar net in protte. En se hawwe ek alle trije wol wat problemen."
Woansdei 3 augustus stjoert Omrop Fryslân fan 14.00 oere ôf de PC live út op telefyzje. Fan 09.30 oere ôf is de PC te folgjen op radio en online. De PC-sfear is de hiele dei te belibjen by Omrop Fryslân. Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/keatsen.
"By Van der Bos is de kening fan ferline jier, Erwin Zijlstra, nei it nedige blessuereleed noch net top. Seker as achterynse net. By Bergsma ûntbrekt Drent en by Steenstra hat Wassenaar lêst fan it skouder. Oeral wol wat dus.
Gert-Anne van der Bos is lykwols yn topfoarm. Hy slacht formidabel op. Dat kin ek sein wurde fan Tjisse Steenstra. Hy hat de 'slinger' wer aardich te pakken. En sear skouder of net, Hans Wassenaar bliuwt in winner."
Hy stiet mei syn 37 jier noch as in jonge god te keatsen.
Geert van Tuinen oer Renze Hiemstra
"En ferjit Renze Hiemstra net. Hy lit dit seizoen wolris in stekje falle, mar dat is sporadysk. Oer it algemien fyn ik him noch altyd ien fan de alderbêste foarynsen. En op de boppe is hy werklik fantastysk. In prachtige sportman, dy't mei syn 37 jier noch as in jonge god stiet te keatsen."
Gert-Anne van der Bos is yn topfoarm, seist. Hoe goed is syn partoer?
"Sy binne de titelferdigeners, dat seit eins al genôch. Van der Bos is geweldich, de alderbêste opslagger fan it stuit. Hy keatst al syn fyftjinde PC en mei seis oerwinningen wit hy as gjin oar it paad nei sukses op it Sjûkelân te finen.
Taeke Triemstra is in fenomeen. Hy wurdt dit jier 40, keatst syn 22e PC en foel al achttjin kear yn de prizen! En hy stiet der noch altyd. Je hawwe soms de yndruk dat it allegear wol in bytsje minder wurdt, mar Taeke kin as gjin oar in partij 'lêze'. Beslissende slaggen komme faak fan him. Op de seis is hy sa skerp as in Mechelske herder."
Gert-Anne van der Bos op de PC fan ferline jier © Dijks Fotografie
"Ek Triemstra syn ûnderfining is in pluspunt, mar as hy in mindere dei hat, wurdt it dreech, want ik sjoch Erwin Zijlstra earlik sein yn it perk de karre net lûken. Of ek hy moat krekt op PC dei de goeie foarm fine. Dan is hy in prima achterynse. Mei oare wurden: ek dit jier wer in kânshawwend partoer."
Wat kin it partoer Bergsma?
"Dat is de grutte fraach. Dylan Drent wurdt tige mist. De Harnzer wie echt hiel goed, net in bal fertroud. Mar mear noch: hy wie de gongmakker, de animator, de lieder. Hy wist syn maten superskerp te hâlden. Hy gie foarop yn de striid en die dat likegoed ferbaal as keatstechnysk. Foar de duvel net bang en dat strielde er ek út. En it hie positive ynfloed op syn maten."
Hylke Bruinsma keatste snein yn Arum foar it earst mei Bergsma © Dijks Fotografie
"No moat, nei lange diskusje, Hylke Bruinsma it dwaan. Dat falt net ta. Hy hat der lang út west en op dit nivo pakst it net samar wer op. De ballen fleane as raketten nei it perk. Syn rol sil hiel presys ynfolle wurde moatte: gjin gekke dingen dwaan, rêstich bliuwe, keatsen slaan. En dan fertrouwe op de klasse fan Kootstra achteryn.
En as Marten Bergsma it perk wat wit te finen, is syn opslach fansels ferneatigjend. As sy alles goed op de rit krije, dan bliuwt it in toppartoer dat dreech te ferslaan is."
It soe mar sa kinne dat de 'Harlinger ouwe seun' in hiel ûnferwachte rol spilet op de kommende PC.
Geert van Tuinen oer de blessearre Dylan Drent
"By de ferfanging fan Drent wie trouwens de lêste dagen de transparânsje yn it partoer Bergsma fier te sykjen. Op fragen krigen we gjin antwurd en Dylan Drent seach it allegear wol hiel fleurich oan. It soe mar sa kinne dat de 'Harlinger ouwe seun' in hiel ûnferwachte rol spilet op de PC: miskien komt hy yn de rin fan de dei dochs noch wol yn it fjild... Mar ik jou ta: dat is suvere spekulaasje."
Wa kin ferrasse?
"Ik fyn it partoer fan Haye Jan Nicolay, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar wol in partoer om yn de gaten te hâlden. Sy wisten dit seizoen al faker te ferrassen. Dy ferrassing soenen sy dan yn de twadde omloop forsearje moatte, as it partoer fan Tjisse Steenstra de tsjinstanner is.
Ferslachjouwer Roelof de Vries socht by de generale yn Arum út hoe't de favorite partoeren nei har kânsen sjogge:
Wa binne de favoriten foar de 169e PC?
Fierder bin ik hiel benijd hoe't Daniël Iseger syn maten Bauke Triemstra en Patrick Scheepstra ta grutte dieden bringe kin. Daniël is ek sa'n âlde kriger dy't it klappen fan de PC-swipe as gjin oar ken. Dat soenen sy dan ek yn de twadde omloop sjen litte moatte as nei alle gedachten it partoer fan Bergsma de tsjinstanner wurdt.
En fansels gunt elkenien Enno Kingma in moai ôfskied fan de keatssport. De sympatike Biltker hat mei Kees van der Schoot en Menno van Zwieten in partoer dat ek foar in ferrassing soargje kin. Ek hjir soe dan de twadde omloop de skerprjochter wurde moatte: dan is partoer Van der Bos de tsjinstanner."
Op hokker jonge talinten moatte we lette?
"Hearre Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar noch ta de talinten? Op basis fan âldens wol: beiden 21 jier. Mar se stean der al efkes. Keatskenners ferwachtsje in protte fan Rick Minnesma. Hy is noch krekt gjin 18 jier en makket al syn debút. In jongeskeatser noch. Hâld him yn de gaten.
Jildt ek foar Steven Koster en Thomas Dijkstra. Moaie keatsers, dy't skielk de stap meitsje moatte. Beiden noch mar 19 jier."
Steven Koster wûn ferline jier de Freule © Dijks Fotografie
En Hessel Postma hat him yn Huzum hiel goed sjen litten as foarynse by Bergsma en Kootstra. Ek noch mar 19 jier. Hy kin it ek rêde.
Mar foar al dy talinten jildt: 'Velen zijn geroepen; slechts weinigen uitverkoren.' Der moat in protte wilskrêft en trochsettingsfermogen wêze om út te groeien ta in echte topper. Mar it begjint by talint. En dat hawwe sy allegear."