Dit is de lotting foar de 169e PC

Titelferdigener Gert-Anne van der Bos lûkt syn lot © Dijks Fotografie
Fan de trije topfavoriten foar de PC sil it partoer-Steenstra it gelokkichst wêze mei de lotting. Sy treffe de oare favoriten op syn betiidst pas yn de finale..
Titelferdigeners Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra spylje op de earste list tsjin Youri de Groot, Allard Hoekstra en Laas Pieter van Straten.
As Van der Bos de heale finale hellet, is de kâns oanwêzich dat se dêr oare kânshawwers treffe: Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.
Fan de favorite partoeren sil dat fan Tjisse Steenstra it gelokkichst wêze mei de lotting. Se treffe yn earste omloop André van Dellen, Pieter Jan Plat en Willem Heeringa. Dêrnei stiet der mooglik in moeting tsjin outsider Haye Jan Nicolay op de rol.

Lotting 169e PC

1. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra, Erwin Zijlstra 2. Youri de Groot, Allard Hoekstra, Laas Pieter van Straten
3. Johannes van der Veen, Jorn Lars van Beem, Rick Minnesma 4. Enno Kingma, Kees van der Schoot, Menno van Zwieten
5. Rutger Torensma, Harold de Boer, Jurrit Osinga 6. Marten Bergsma, Hylke Bruinsma, Hendrik Kootstra
7. Bauke Triemstra, Daniël Iseger, Patrick Scheepstra 8. Patrick van Dellen, Thomas Dijkstra, Steven Koster
9. Haye Jan Nicolay, Gabe-Jan van Popta, Pieter Jan Leijenaar 10. Peter van Zuiden, Kevin Jordi Hiemstra, Gerben de Boer
11. André van Dellen, Pieter Jan Plat, Willem Heeringa 12. Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra, Hans Wassenaar
13. Remmelt Bouma, Bauke Dijkstra, Evert Pieter Tolsma 14. Gerrit Jan Duiven, Hendrik Jan van der Velde. Riemer Hoekstra
15. Paul Dijkstra, René de Haan, Hendrik Bouwhuis 16. Auke Boomsma, Hessel Postma, Tsjerk Elzinga
Steenstra sit al jierren by de favoriten, mar hy hat de PC noch noait wûn. "De teller stiet wer op nul, we geane der wer foar.".
En dat dus mei in prima lotting. "Mar we moatte der wol om tinke, it binne allegear goede keatsers. Mar as we dogge wat we kinne, dan meie we it de earste omlopen net ferlieze."

Om Nicolay tinke

Yn de twadde omloop kin Steenstra it partoer fan Nicolay treffe. Dat hat de lêste wiken aardich wat prizen by elkoar keatst. "Dat is in deechlik en goed partoer, it hinget wat fan de foarm fan de dei ôf. Se binne wol goed. Al moatte we earst fan Van Dellen winne. Dêr ha we noch nea earder tsjin keatst."
It partoer fan Steenstra is dus ien fan de favoriten, mar hoe is it mei achterynse Hans Wassenaar? Dy hat al in skoft lêst fan it skouder. De bedoeling is wol dat er woansdei de hiele dei yn it perk stiet. "En dan hoopje ik dat hy him lekker fielt, sadat ik it perk net yn hoech", beslút Steenstra.
De reaksjes fan debutant Harold de Boer en feteraan Renze Pieter Hiemstra nei de lotting:
Woansdei 3 augustus stjoert Omrop Fryslân fan 14.00 oere ôf de PC live út op telefyzje. Fan 09.30 oere ôf is de PC te folgjen op radio en online. Dé PC sfear is de hiele dei te belibjen by Omrop Fryslân. Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/keatsen.