SportCast: Cambuur moat fiif spilers ynpasse: "Dat kin in probleem wurde"

© Omrop Fryslân
By sc Hearrenfean giet it dat it slydjaget, krekt foar de start fan it earedivyzjeseizoen. Tritich kilometer fierderop yn Ljouwert is dat oars, wat yn de SportCast twivels oer SC Cambuur opsmyt.
Takom freed trapet Hearrenfean it seizoen ôf mei in thúswedstriid tsjin Sparta Rotterdam. In dei letter spilet Cambuur thús tsjin in oare Rotterdamse ploech, Excelsior.

Henk de Jong op oarlochspaad

By de Ljouwerters is de seleksje noch net kompleet. Ferslachjouwer Geert van Tuinen sjocht dat der wol hurd wurke wurdt om spilers te heljen. "Henk de Jong is op oarlochspaad. Hy is geregeld net op de training, want dan rydt hy wer earne hinne. Hy hat allegear petearen."
De tarieding fan Cambuur wie net om oer nei hûs te skriuwen; allinnich fan it Regioteam Kootstertille en Telstar waard wûn. Op fiif posysjes moatte der nije spilers ynpast wurde. Mei keeper João Virgínia en ferdigener Marco Tol slagge dat yn de tarieding, mar op de oare trije plakken kwalik oant net.
"Nim no Leon Bergsma", seit ferslachjouwer Andor Faber. "Dy moat bekend wêze mei it spul fan Cambuur en de eigen styl fan opbouwe. Dat ha je net. Der binne safolle posysjes wêrop't Cambuur spilers ynpasse moat, dy't noch net ynpast binne yn de tarieding. Dat kin yn de earste wedstriden in probleem wurde."
It is in unikum wat der no bart yn it Abe Lenstra Stadion.
Sportferslachjouwer Arjen de Boer
Hoe oars is de situaasje by sc Hearrenfean. De ôfrûne jierren barde it faak dat de tarieding dreech ferrûn, om't de seleksje pas ein augustus rûn wie. "It is in unikum wat der no bart yn it Abe Lenstra Stadion, dat wy de basisalve no al ynfolje kinne", seit sportferslachjouwer Arjen de Boer.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
It sentimint op It Hearrenfean is dan ek oars as yn Ljouwert. "Ik fernim dat de Hearrenfeansupporters der in hiel soad nocht yn hawwe", fertelt De Boer. "En se hawwe ek hiel hege ferwachtingen. Foar it earst sûnt jierren hawwe je in fatsoenlike tarieding efter de rêch."
De SportCast fan 1 augustus 2022