Hylke Bruinsma keatst PC yn partoer Marten Bergsma

Hylke Bruinsma snein yn Arum © Dijks Fotografie
Net Dylan Drent, net Jacob Wassenaar, mar Hylke Bruinsma keatst woansdei de PC mei Marten Bergsma en Hendrik Kootstra. Snein stienen de trije foar it earst mei elkoar op it fjild.
Drent rekke yn Makkum blessearre oan it skouder. Bergsma hie Wassenaar strikt as ferfanger, mar dy rekke op syn earste wedstriid ek blessearre. Doe moast Bergsma opnij in ferfanger sykje.
Dat wurdt dus op 'e nij in doarpsgenoat fan de twa Minnertsgeasters. Bruinsma naam yn 2018 emosjoneel ôfskied op de PC. Hy wûn de belangrykste keatspartij ien kear yn syn karriêre: yn 2013, mei Johan van der Meulen en Renze Pieter Hiemstra.
In goede wike lyn, doe't Jacob Wassenaar blessearre rekke, wûn it partoer Bergsma mei Hessel Postma as ferfanger yn Huzum.
Nei de PC komt Menno van Zwieten as ferfanger fan Dylan Drent yn it partoer. Drent hopet trouwens noch dat er dit seizoen oan keatsen ta komt.
Yn Arum stie Bruinsma op it fjild as foarynse. Mei Bergsma en Kootstra pakte er in tredde plak.
Bruinsma is op it Sjûkelân net de iennige ferfanger. Daniël Iseger ferfangt de blessearre Sjoerd de Jong, dy't al in skoft útskeakele is mei in ôfskuorde haksine. Iseger keatst yn Frjentsjer mei Bauke Triemstra en Patrick Scheepstra.
Remmelt Bouma, dy't koartlyn in pear wedstriden miste, liket wol op tiid fit. Hy foarmet in partoer mei Bauke Dijkstra en Evert Pieter Tolsma.
Woansdei 3 augustus stjoert Omrop Fryslân fan 14.00 oere ôf de PC live út op telefyzje. Fan 09.30 oere ôf is de PC te folgjen op radio en online. Dé PC sfear is de hiele dei te belibjen by Omrop Fryslân. Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/keatsen.