Steenstra, Hiemstra en Wassenaar winne generale foar de PC

De winners yn Arum © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
It partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hawwe snein de generale foar de PC wûn. Yn de haadklassepartij yn Arum wienen se yn de finale mei 5-1 6-0 te sterk foar Menno van Zwieten, Enno Kingma en Kees van der Schoot.
Steenstra waard útroppen ta kening. Earder skeakele syn partoer al de partoeren fan Auke Boomsma, Gert-Anne van der Bos en Marten Bergsma út. Foar Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra wie der noch wol it tredde plak.

Woansdei de PC

Woansdei stiet op it Sjûkelân yn Frjentsjer de 169ste PC op it programma. Is it partoer fan Steenstra dan ek de grutte favoryt? It soe dêrby wolris krúsjaal wêze kinne oft Hans Wassenaar hielendal fit is.
Snein hie hy lêst fan syn skouder en wie hy benammen balkearder. "De kâns dat ik der op de PC ek lêst fan krij, is der. Mar we sille der alles oan dwaan om de skouder yn optimale steat te krijen."
Hans Wassenaar fan it winnende partoer
"It skouder hat oerbelêste west. We hawwe in protte wedstriden keatst. By de bûnspartij fersloech ik my wat en dêrtroch ha ik lêst krigen", fertelt Wassenaar.
Watfoar partoeren binne dan noch mear kânshawwers? Ferslachjouwer Roelof de Vries socht it út:
Hokker partoer is de favoryt foar de PC?

Sijbrandij-en-dy winne by de froulju

Ek de froulju keatsten snein yn Arum. De winner waard it partoer fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Sy wienen yn de finale mei 5-4 6-0 te sterk foar it partoer fan Inge Jansma, Larissa Smink en Noa Elzinga.
Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia pakten de tredde priis troch Anna Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Gerde Lycklama á Nijeholt te ferslaan.
Bruinsma en Monfils hawwe oanjûn nei dit seizoen op te hâlden mei keatsen.