Lotting SKS: Ljouwert start foaroan op De Feanhoop, De Súdwesthoeke yn Earnewâld

De lotting fan de SKS © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
It skûtsje fan Ljouwert mei moandei op De Feanhoop foaroan begjinne by de twadde wedstriid fan it SKS-kampioenskip. Tiisdei krijt Starum it foarste startplak by Earnewâld.
Dat is it resultaat fan de lotting yn Grou. It SKS-kampioenskip begjint dêr moarnmiddei om 14.00 oere.

Wetter te smel

Op De Feanhoop en by Earnewâld is it wedstriidwetter te smel om der in iepen start yn te lizzen. Dêrom wurdt yn dy twa doarpen fan de wâl ôf start.
It skûtsje dat op De Feanhoop it earste plakje lotte hat, moat by Earnewâld op it lêste plak starte. De twadde op De Feanhoop start as trettjinde by Earnewâld, en sa troch.

Startfolchoarders

De Feanhoop Earnewâld
1. Ljouwert 1. De Súdwesthoeke
2. Snits 2. Grou
3. De Lemmer 3. Wâldsein
4. Huzum 4. Akkrum
5. Heale Moanne 5. Earnewâld
6. Drachten 6. Hearrenfean
7. Langwar 7. De Jouwer
8. De Jouwer 8. Langwar
9. Hearrenfean 9. Drachten
10. Earnewâld 10. Heale Moanne
11. Akkrum 11. Huzum
12. Wâldsein 12. De Lemmer
13. Grou 13. Sneek
14. De Súdwesthoeke 14. Ljouwert