GGD Fryslân begjint takom wike mei faksinaasje tsjin apepokkefirus

In meiwurker fan de GGD set it guod klear om in faksinaasje tsjin it apepokkefirus te setten © ANP
De GGD Fryslân begjint ein nije wike mei de faksinaasje tsjin it apepokkefirus. Dat hat de sûnensorganisaasje bekend makke. It giet om in pear hûndert Friezen dy't útnûge wurde foar sa'n prik.
Der wurde inkelde hûnderden minsken útnûge. Dat binne minsken dy't ta in heechrisikogroep behearre. Dan giet it benammen om manlju dy't seks hawwe mei manlju en dy't medisinen slikke tsjin HIV.
Neffens de GGD binne der op dit stuit fiif Friezen besmet mei it apepokkefirus. Yn totaal is der yn Nederlân by 878 minsken it firus fêststeld. Dêrfan wenje der fjirtjin yn Noard-Nederlân.
Apepokken is in ynfeksjesykte dy't by de measte minsken myld ferrint. It belangrykste symptoom is hûdútslach, dy't begjint mei reade flekken en oergiet yn blaaskes. Dizze blaaskes foarmje úteinlik de pokken, dy't pynlik wêze kinne.
Neffens it RIVM binne dêrneist koarts, pineholle, spierpine, swollen lymfeklieren, riljen en wurgens oare symptomen.