Sven van Beek nije oanfierder fan sc Hearrenfean

Sven van Beek © Orange Pictures
Sven van Beek is de nije oanfierder fan sc Hearrenfean. Dat hat de klup bekend makke fia sosjale media-kanalen.
De 28-jierrige ferdigener nimt de bân oer fan keeper Erwin Mulder. Hy ferliet de klup dizze simmer transferfrij om't syn ôfrinnende kontrakt net ferlinge waard.
Hearrenfean begjint it nije seizoen op nije wike freed mei in thúswedstriid tsjin Sparta Rotterdam.