Eardere ielfisker jout mei syn skip rûnliedings by fersterking Ofslútdyk del

Rotgans jout útlis oan board oer de stiennen blokken © Omrop Fryslân
Jan Rotgans (61) fart al syn hiele libben yn it gebiet om de Ofslútdyk hinne. Hy wie earst fisker en no is er gids. Hy fersoarget boattochtsjes by de kranen del dy't de dyk fersterkje.
Eartiids fiske Jan op iel, mar dat docht er al lang net mear. Tsjintwurdich organisearret er rûnfearten, ûnder oare yn opdracht fan Levvel. Sa hjit de groep bedriuwen dy't mei-inoar de fersterking fan de Ofslútdyk útfiere. De boattochtsjes binne fergees.
Op de Waadsee, mei de Ofslútdyk op de eftergrûn, hellet Jan in lytse útfiering fan de stiennen fersterkingsblokken foar it ljocht. Hy leit de oanwêzigen oan dek út hoe't it wurket: "In elk blok zit een chip, zodat men precies kan zien of de stenen niet te hoog of te laag liggen."
Eardere ielfisker jout mei syn skip rûnliedings by fersterking Ofslútdyk del
Rotgans syn skip, de Wieringen 130 dy't ûnder de namme Johanna II fart, hat Den Oever as thúshaven. Syn heit wie ek al fisker.
Jan hoegde as jonge fan tsien, alve jier net mear nei skoalle fan syn heit: "Daar leer je toch niks. Een paling spreekt geen Engels. Ga maar mee naar zee." En dus gie Jan fan skoalle ôf, mei oan board.
Belangstellenden kinne fan it wetter ôf sjen nei de fersterking fan de Ofslútdyk © Omrop Fryslân
Sy hiene earst in lyts boatsje, fertelt Jan. Der wie net iens in lampe of in kachel oan board. Jan: "Heel primitief allemaal, maar het kostte ook niets."
Jan woe wol wat grutters en doe't er 16 jier wie, kocht syn heit in oar skipke. Jan moast de fiskerij oernimme, want syn heit wie siik.
Jan Rotgans fart de haven fan Den Oever út © Omrop Fryslân
Yn al dy jierren is der in soad feroare, sa is Jan syn ûnderfining. Eartiids hiene se in grut ferskaat oan fisken en ek 'grien' yn de fûken, sa't Jan dat neamt. Dat is hjoed-de-dei folle minder. Mar der komme ek wer dingen werom. "De natuur herstelt zich ook wel weer en dat is leuk om te zien."
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in grutte ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it tal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.