SKS hat wurke oan de regeljouwing foar de 'belangrykste bysaak fan it libben'

It skûtsjesilen op De Lemmer © ANP
Nei in skoft fan trije jier begjint sneon it SKS skûtsjesilen wer. Yn de tuskentiid hat de organisaasje net stilsitten. Fan no ôf is net allinne it evenemint op de wâl fergund, mar falt ek alles op it wetter ûnder de fergunning.
Twa jier is lang om stil te lizzen, seit SKS-foarsitter René Nagelhout. "Dat it no wer kin, is geweldich. Echt fantastysk. We hawwe leuke dingen dien yn dy twa jier dat we net sile koene. Mar it echte kampioenskip mei it sulveren skûtsje datst winne kinst, dêr giet it úteinlik om."
Belangrykste skûtsjewedstriid fan it jier op it punt fan begjinnen
Fanwege corona giene de skûtsjesylwedstriden twa jier net troch. Yn de tuskentiid is der wol wat feroare: de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen hat flink yn petear west mei gemeenten oer feroaringen yn de regeljouwing.
"It is net altyd like maklik foar ús as frijwilligersorganisaasje. Dêrby komt ek dat wy in flinke ferantwurdlikens hawwe", jout Nagehout oan.

It wetter ek ûnder fergunning

Nij is dat der no foar it hiele wedstriidgebiet in fergunning oanfrege wurde moat. Oars wie dat allinnich ferplichte foar de fêstewâl. "De gemeenten pakke it evenemint no as gehiel." It skûtsjesilen is dus no in evemenint dat ek foar it part op it wetter in fergunning hat.

Húsregels

Der binne no ek húsregels, dy't de SKS bekend meitsje sil op sosjale media en op oare wizen. "Dy moatte foar in noflik evenemint soargje. Sa wurdt dúdlik makke dat minsken efter de tontsjes bliuwe moatte."
SKS-foarsitter René Nagelhout
Ien fan de dingen dy't dêryn stean is dat minsken by klachten of sykte thúsbliuwe moatte. Dat jildt foar besikers likegoed as foar de bemanning fan in skûtsje. Boaten fan de SKS mei swaailampkes derop jouwe oanwizingen oan de besikers.

Track and trace

It skûtsjesilen is populêr, seit Nagelhout. De skippen hawwe in folchsysteem oan board, dêrmei kin sjoen wurde wêr't se binne. Tûzenen minsken sjogge dêrnei, ek bûten Nederlân, bygelyks as minsken op fakânsje binne.
Freed is de lotting en sneon is dan de earste wedstriid by Grou fan "de belangrykste bysaak fan it libben", sa't Nagelhout it skûtsjesilen neamt.
Skipper Gerhard Pietersma © Omrop Fryslân
Yn Earnewâld binne se dwaande om de ûnderkant fan it doarpsskûtsje skjin te spuitsjen. Yn ferbân mei it miljeu hawwe se sûnt sawat sân of acht jier gjin anty-fouling, tsjin oanslach.
Mei as gefolch dat it skip smoarch is. "Der sit in sintimeter oan rotsoai út it wetter ûnder. Eins moatte wy alle wiken der efkes út", want in skip mei in skjinne ûnderkant fart hurder.
Hast wol oardel kilometer yn de oere by wynkrêft trije, skat skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld yn. "Krekt as it ferskil tusken âlde en nije bannen by de auto fan Max Verstappen."
It skûtsje fan Earnewâld wurdt skjinspuite
Foar de wedstriid fan sneon hopet Pietersma op moai waar en wynkrêft trije of fjouwer.