Europeeske regels noch in flinke opjefte foar de Fryske wetterkwaliteit

Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
Oer fiif jier sil sa'n 70 persint fan it Fryske binnenwetter foldwaan oan Europeeske easken. Dat 100 persint net helle wurdt, wist Wetterskip Fryslân al. Want de effekten fan bygelyks bestridingsmiddels yn de grûn wurkje noch jierren troch.
It giet net goed mei de wetterkwaliteit yn Nederlân. Neffens de lêste kaart fan it Europeesk miljeu-agintskip EEA foldocht mear as 90 persint fan it binnenwetter net oan de Europeeske Kaderrjochtline Wetter (KRW), dy't oer fiif jier ferplichte is.
Fryslân is op de kaart like donkerread as de rest fan Nederlân. Nederlân bongelt ûnderoan de ranglist fan Europeeske lannen. Finlân hat neffens de EEA it skjinste binnenwetter fan Europa. Yn dat lân foldocht no al mear as 70 persint fan it wetter oan de KRW.

It falt noch net ta

Wetterskip Fryslân is al sûnt 2009 hurd oan it wurk om de wetterkwaliteit te ferbetterjen, mar oeral foldwaan oan de strange Europeeske noarm falt neffens deistich bestjoerslid Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân net ta.
It sil noch net tafalle om de Fryske wetterkwaliteit oan Europeeske regels foldwaan te litten
"Ik bin der fan oertsjoege dat ús wetterkwaliteit foarút giet, mar der sit in nuvere kronkel yn it programma. As je op ien kritearium ûnfoldwaande skoare en op alle oaren goed, dan krije je likegoed in ûnfoldwaande."

De wâlskanten by Tsjalbert

It Wetterskip besiket it ûnderwetterlibben te befoarderjen troch de oanlis fan hûnderten kilometers oan natuerlike wâlskanten, lykas oan de Bûtendykster Haadfeart by Tsjalbert. Soks docht fertuten, want al nei in pear jier nimt it bioferskaat yn en boppe it wetter ta. Der binne mear wetterplanten, mear ynsekten en ek mear fisk.
Ekolooch Fokelien Looijenga hifket it bioferskaat by Tsjalbert
Foar de Kaderrjochtline Wetter is krekt dat bioferskaat in wichtich kriterium, njonken saken as de helderheid fan it wetter, de wettertemperatuer en sa min mooglik gemyske stoffen.
De Bûtendykster Haadfeart by Tsjalbert komt al aardich yn 'e buert fan de kaderrjochtline © Omrop Fryslân
Tegearre mei provinsje Fryslân ynvestearret Wetterskip Fryslân de kommende fiif jier nochris 54 miljoen euro yn de wetterkwaliteit, mei as doel om te foldwaan oan de rjochtlinen.

100 persint skoare slagget net

Van der Galiën ferwachtet dat oer fiif jier in grut diel fan Fryslân wol oan de Europeeske noarm foldwaan kin. "Ik ferwachtsje dat we útkomme op sa'n 70 persint. De 100 persint helje kin net, want we fine no noch stoffen yn it wetter dy't al lang ferbean binne. It hat tiid nedich foardat soks wer ferdwynt."
Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân
Net foldwaan oan de Kaderrjochtline kin neffens saakkundigen fiergeande konsekwinsjes hawwe, lykas de stikstofkrisis no. Wetterskip Fryslân moat dêrom fol oan de bak om dat senario foar te kommen.
© Omrop Fryslân
It giet dêrby net allinnich om it op 'e nij ynrjochtsjen fan wetter, mar ek om ûnderhâld om foar te kommen dat fearten tichtgroeie, want ek it trochstreamen fan wetter is wichtich foar de wetterkwaliteit.