Nije, natuerlike fargeul ûntstien tusken Holwert en It Amelân

De feartsjinst nei It Amelân © ANP
Troch 'dynamyske bewegingen' yn it Waadgebiet is in nije, natuerlike fargeul ûntstien tusken Holwert en It Amelân. Dat meldt Rykswettersteat.
Nei ûndersyk die bliken dat dy nije geul mear geskikt wie om yn te farren as de âlde geul. Om him ek echt as fargeul brûke te kinnen, moat hy wol wat djipper en breder makke wurde. Twa oannimmersbedriuwen sille dêr fan nije wike ôf mei oan de slach.

Minder baggerje

It wurk sil likernôch tsien wiken duorje. Om hinder foar te kommen wurde de wurksumheden ôfstimd mei rederij Wagenborg fan de feartsjinst Holwert - It Amelân. As it wurk klear is, sil dy tsjinst tenei fia de nije geul farre. De lingte fan de rûte feroaret net.
De âlde geul is troch 'natuerlike prosessen' wat oan it fersânjen. Dêrtroch is in protte baggerwurk nedich en dat is net winsklik yn Natura2000-gebiet. Troch tenei de nije, natuerlike fargeul te brûken, kin it baggerwurk beheind wurde, skriuwt Rykswettersteat. Nei alle gedachten hoecht der twa tredde minder baggere te wurden.