Larven fan maaituorren bringe grutte skea ta oan sportfjilden Noardwâlde

Larven frette de woartels fan it gers op sportfjilden op, sadat dy hielendal brún wurde © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De sportklups yn Noardwâlde hawwe in soad lêst fan de maaituorre. De bisten nestelje harren yn de sportfjilden en frette de woartels op. Gefolch is dat de fjilden fan fuotbalklup Olyphia en kuorbalklup Leonidas hielendal brún binne.
"Het gaat dubbelop", seit foarsitter Lourens Looijenga fan Leonidas. "Eerst heb je de beesten die de wortels van het gras doorknagen, waardoor het gras afsterft. Vervolgens gaan dassen en kraaien op zoek naar die beesten. Het is één groot banket hier."
"En dan graven ze allemaal gaten en kuilen. En de graszoden trekken ze los, want daar zit geen vastigheid meer aan, omdat de wortels kapot zijn."
Larven fan maaituorren bringe grutte skea oan sportfjilden
De klups dogge der alles oan om de bisten te bestriden, mar it probleem komt de lêste jierren hieltyd werom. De skea is net te fersekerjen en it is dêrom in djoere kostepost, dy't in frijwilligersorganisaasje net drage kin.
Se dogge in berop op de gemeente. Weststellingwerf wit hoe grut oft it probleem is. De gemeente hat de fuotbalklup earder al finansjeel stipe.
"Dit is niet goed om te zien", fynt wethâlder Roelof Hoen as hy op it sportfjild fan Leonidas stiet. "Het is een troosteloze bedoening en een groot probleem voor de sportverenigingen hier. Je ziet dat het probleem zich verspreidt."
Ferskillende stadia fan de larve © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De gemeente helpt mei troch te ûndersykjen hoe't de larven te bestriden binne en skea foar te kommen is. Dêr heart ek strukturele finansjele stipe by.
"Als we het gaan onderzoeken, dan heb je ook de intentie om er samen uit te komen en tot een goeie oplossing te komen. Uiteindelijk is het namelijk belangrijk dat hier gesport kan worden."
It probleem spilet net allinnich yn Noardwâlde, ek yn Easterstreek en by tsientallen fjilden yn Eaststellingwerf binne de larven dit jier in grutte pleach.