De toan fan Froukje Sijtsma: "In griene auto"
"Sûnt ik der graach ien hawwe wol, sjoch ik se oeral: griene auto's. Fel gersgrien, donker legergrien en soms sels mintgrien. Ik fyn grien in moaie kleur, mar earlik sein haw ik net safolle mei auto's.
Ik fyn riden wol aardich, mar as ik lange einen reizgje moat, dan gean ik leaver mei de trein. Dan hoech ik sels net op te letten en kin ik lekker lêze.
Myn earste auto wie in wite Mazda 121. In alderskattichst trijedoars bakje. Ik hierde de auto in pear moannen doe't ik foar myn ôfstudearjen op Curaçao wenne. Ik hie myn rydbewiis noch mar kwealik helle, dat op it tropyske eilân moast ik it autoriden echt leare.
In eigen auto, dat fielde hiel noflik. In gefoel fan frijheid. Mar it âld barrel wie net altyd like betrouber. Geregeld sloech de motor ôf en moast ik wer opnij starte. Dat oerkaam my sels moarns yn de spits op in drok krúspunt. Ek by de hellingproef liet de auto my wolris sitte.
De autoferhierder tocht dat der mooglik wetter yn de benzinetank siet. Warskynlik bart by de brânstofopslach fan it tankstasjon, dat soms te lijen hie fan oerstreamings nei grouwe stjalprein. Hy hie salang wol in oare auto foar my.
Ik krige in donkerblauwe Suzuki Wagon R +. In hoekige senioare-auto, dêr'tst perfekt in rollator yn kwyt kinst. Dizze auto sloech net ôf, mar koe amper de 56-meter hege brêge opkomme, dy't ik yn Willemstêd oer moast om oer de Sint Annabaai hinne te riden.
Ik moedige it weintsje alle kearen keihurd oan, yn de hope dat er it hichste punt berikke soe. Dêrnei koe ik it gas dan wer loslitte en de auto sels de brêge ôfride litte. Persoanlik fûn ik it gjin moaie auto, mar hy brocht my wol oeral.
Doe't ik foar de Omrop kaam te wurkjen kocht ik myn alderearste eigen auto yn Nederlân. It waard in swarte Honda Civic trijedoars hatchback. In sportive auto, dêr't ik soms noch wolris nei langje, om't der oeral fakjes yn sieten dêr't ik kofjebekers yn kwyt koe.
Om't ik mem wurde soe, ferkocht ik de Honda foar in romme fiifdoars auto. It waard in swarte Volvo V40 2 liter Turbo. In deeglike auto om in bernewein en al dat oare poppeguod yn kwyt te kinnen.
Al kin dizze moeke miskien noch wol it measte fan dizze auto genietsje as ik efkes in stevich sprintsje lûk by de stopljochten, at der in steltsje opslûpten neist my stiet.
Mar goed, dat is fansels net mear fan dizze tiid. Boppedat ryd ik sawiesa hieltyd minder auto en mei de benzineprizen fan hjoeddedei pak ik leaver de fyts. Dêrom sjoch ik no om my hinne foar in bolide dy't goedkeaper is en skjinner foar it miljeu.
Al sa'n oardel wike spaan ik no yn Denemarken om. En op de dyk bin ik al ferskate moaie griene auto's tsjinkaam, mar ik bin der noch net oer út hokker grien it wurde moat. En dy kar koe noch wolris wat lestiger wurde.
Want op de dyk seach ik in fytstoerist riden mei in grut boerd achterop de fytskarre. "Give up your car. No Excuse. Last generation. Einfach kann Jeder." En dus wurdt de kar no noch wat dreger, want gjin auto, wat foar kleur grien soe dat eins hawwe?"