Húsdier en typmasine op Titus Brandsmatentoastelling yn Boalsert

De kanarje fan Titus Brandsma © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
In kanarje, in pear skuon en in typmasine. Samar in pear fan de persoanlike besittingen fan pryster Titus Brandsma dy't fan no ôf útstald stean yn Kultuerhistoarysk museum De Tiid yn Boalsert.
Museumdirekteur Pascal Arts stie foar de nijste eksposysje foar in gigantyske útdaging: mei hokker objekten kinne je it ferhaal fan in ikoan as Titus Brandsma it bêste fertelle?
Yn de Mienskipsseal fan it museum rint in gouden tried oer de muorre. Wa't dy tried folget, wurdt meinaam nei it libbensferhaal fan Brandsma. De tentoanstelling begjint by syn berte-akte, en einiget by in foto fan de Fryske delegaasje by syn hillichferklearring yn maaie fan dit jier.

Syn kanarje

Wat fuort opfalt: in opsetten kanarje. Brandsma syn fûgeltsje hie in fêst plak op syn wurkplak yn in kleaster yn Nijmegen. Yn jannewaris 1942 waard Brandsma troch de Dútske besetters oppakt en nei finzenis fan Scheveningen brocht. Brandsma frege oare kleasterlingen om goed op it bistje te passen.
Twa jier letter gong de kanarje dea en waard er opset. Pascal Arts: "Voor mij is deze kanarie echt de representatie van de persoonlijke band met Titus. Door die objecten krijg je echt een persoonlijke band met hem."
De skuon fan Titus Brandsma © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Ek út de tiid dat Brandsma yn de finzenis fan Scheveningen siet: syn swarte learen skuon. Yn dy finzenis hat in mei-finzene noch nije soalen ûnder de skuon set. Nei't Brandsma yn konsintraasjekamp Dachau ferstoar, waarden syn skuon, hoed, aktetas en koffer op fersyk fan syn neef weromstjoerd nei Nederlân.

Syn lêste brief

It favorite stik fan Arts is de lêste brief fan Brandsma dy't bewarre bleaun is. "Het is heel erg bijzonder dat we deze brief in bruikleen hebben van het Rooms-katholiek Documentatiecentrum in Bolsward. Het laat écht Titus zien."
Neffens Arts falt op dat Titus sels yn syn lêste dagen yn Dachau each hie foar in oar en net foar himsels.
De lêste brief fan Titus Brandsma © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
De tentoanstelling is oant en mei maaie 2023 te sjen yn de Tiid yn Boalsert.