'Simmer yn Fryslân' toert troch Elslo

Simmer yn Elslo
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we tiisdei yn Elslo. Ferslachjouwer Geert van Tuinen nimt ús mei op in toer troch it doarp.
Trekkerfanaat Rutmer de Vries hat in eigen trekkermuseum boud yn syn stâl. De Vries lit sjen wat foar moais hy dêr stean hat. By restaurant 't Anker krije gasten in hearlik moarnsbrochje fan gastfrou Naomi Ykema. It restaurant is bekend fanwegen it prachtige stikje natuer fan Elslo dat dêr te sjen is.
De ferneamde klokken fan Elslo wurde ek noch let troch de gilde fan Hendrik Betten en Huug Jak, se doare it sels oan dat ferslachjouwer Geert de klokken liedt. Doarpsbewenners litte harren doarp sjen oan Geert mei in toer op in twapersoansfyts.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Woansdei 27 july is Omrop Fryslân yn Jiskenhuzen. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.