Jiskepûden fol deade fûgels: "En gjinien dy't it oplosse wol"

Jiskepûden mei deade stirnsen © ANP
Tiisdeitejûn wie it wer raak: fûgelgryp op in plomfeebedriuw yn Minnertsgea. 105.000 fleispiken wurde ôfmakke. Ut natuerorganisaasjes klinkt krityk op de rol fan de oerheid by de oanpak fan de fûgelgryp. De oerheid "jout net thús", klaget Natuurmonumenten.
Neffens de organisaasje foarmet Fryslân dêryn lykwols in útsûndering. Oare provinsjes soenen dêr in foarbyld oan nimme moatte.
Natuurmonumenten sjocht him foar grutte problemen steld no't it fûgelgrypfirus sa bot rûngiet ûnder wylde fûgels. Plomfeebedriuwen ûntkomme dêr úteinlik ek net oan.
It ministearje fan Lânbou, Natuer en Voedselkwaliteit (LNV) moat "ferantwurdlikens nimme" en dúdlik meitsje "troch wa't en hoe't de deade fûgels ferantwurde opromme wurde moatte", seit Natuurmonumenten.
Dan rinne we der wer achteroan, binne we wer te let.
Jan Willem Zwart oer it plan fan it ministearje
Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten sjocht mei soargen nei de kommende moannen. "LNV seit dat der oan in lanlike oanpak wurke wurdt. Yn oktober wolle se mei in soarte fan hantrikking komme. Mar just yn dy hjerstperioade is de measte kâns op besmetting. Dan rinne we der wer achteroan, binne we wer te let."

Yn Fryslân wol goed

Natuurmonumenten seit yn in ferklearring dat de feilichheidsregio's, ferskate ministearjes, gemeenten en NVWA nei elkoar wize as ferantwurdilke. Undertusken bliuwe natuerorganisaasjes mei de deade fûgels sitten, mei alle risiko's foar wylde fûgels, de folkssûnens en de lânbou.
Yn Fryslân giet it neffens de organisaasje wol goed. Dêr hat de Veiligheidsregio de rezjy yn hannen naam. Dy koördinearret it opromjen fan de slachtoffers en fersoarget ek de foarljochting oan it publyk. Dat soe yn oare provinsjes ek moatte, fynt de organisaasje.
Jan Willem Zwart oer de oanpak fan de fûgelgryp
It ministearje fan LNV jout ta dat de situaasje "soarchlik" is. "Niet eerder circuleerde het virus zo heftig, langdurig en uitgebreid in wilde vogelpopulaties."
In wurdfierster fan it ministearje lit witte dat de "zorgen en knelpunten" dy't Natuurmonumenten ûnderfynt bekend binne. "Wij gaan kijken of en hoe we kunnen helpen een aantal van die knelpunten op te lossen."

LNV: falt net foar te kommen

Dat de sykte yn de hjerst meinaam wurdt troch trekfûgels, falt lykwols net foar te kommen, heakket LNV deroan ta. "We kunnen ons wel voorbereiden om zo goed mogelijk met de gevolgen om te gaan."
It opromjen fan deade fûgels is "in de eerste plaats een aangelegenheid van de rechthebbende of beheerder van de grond", sa makket it ministearje dúdlik. Dat stiet ek yn in hantrekken dy't de oerheid earder dit jier publisearre.

Jiskepûden fol mei deade fûgels

Zwart fynt dat te maklik. "As terreinbehearders freegje we se wolris: wa syn probleem is it? Want der wurdt hiel gau nei de natuerorganisaasjes sjoen, mar de fûgels binne fan ús allegear. Se kinne ek op plakken komme sûnder terreinbehearder. Wa is der dan ferantwurdlik foar?"
Kollega's fan Zwart yn oare provinsjes fine ek dat der mear gebeure moat. "Yn Noard-Hollân jout de oerheid gewoan net thús, sizze ús kollega's dêr. Se ha jiskepûden fol mei deade fûgels, mar gjinien dy't it oplosse wol. De oerheden draaie de kont derfoar wei."