Maatskiplike staazjes yn sport

25 nov 2011 - 20:04

Twatûzen Fryske jongeren ha fia in maatskiplike staazje oan it wurk west by in sportferiening. Neffens Sport Fryslân hawwe de sportferienings dêrmei goud yn hannen. De jongeren leare op dizze wize it frijwilligerswurk kennen en kinne allerhanne saken dy't oars lizzen bliuwe op har nimme.

De staazjes binne hiel ferskillend, fan hynsteriden mei minsken mei in beheining oant it organisearjen fan in tennistoernoai of stipe jaan by in fuotbaltraining. No biedt in minderheid fan de ferienings in maatskiplike staazje oan, Sport Fryslân advisearret ek oaren dat te dwaan. De skoalbern kinne har in soad wurk út hannen nimme. It mes snijt dan oan twa kanten.

Trefwurden: 
Fryslân sport staazjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)