FIDEO: Tsjerketsjinst út de Martinitsjerke fan Easterein wei
Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst mei in oekumenysk karakter út. Yn july wurde de tsjinsten op ferskillende plakken fierd. Dizze snein wie dat yn de Martinitsjerke fan Easterein.
Foargonger wie dûmny Nicolette Vlaming. Der wie muzikale meiwurking fan it koperkwartet fan Gera de Haan, Jettie de Jong, Wilma Overal en Marte Room. Balt de Vries spile op it oargel.
De liturgy fan de tsjinst is hjir te finen.