Cambuur befêstiget komst doelman Robbin Ruiter op iepen dei

Robbin Ruiter waard presintearre op de iepen dei © Dijks Fotografie
It hong al in skoft yn de loft, mar it is no definityf: doelman Robbin Ruiter giet nei SC Cambuur. De klup hat dat bekend makke op de iepen dei.
Ruiter (35) wie al wat wiken op proef by de Ljouwerter earedivyzjonist. Freedtejûn spile er noch mei yn de oefenwedstriid tsjin PEC Zwolle. Hy tekenet in kontrakt foar ien seizoen.
Earder al stie Ruiter ûnder de latte yn it oefenduel tsjin Magdeburg. Ruiter wurdt de twadde keeper, achter de Portugeeske jeugdinternational João Virgínia.
Ruiter hat 150 earedivyzjewedstriden achter syn namme, fierwei de measten foar FC Utrecht.

Rêst en ûnderfining

"Robbin weet als geen ander wat er wordt gevraagd in het betaald voetbal", seit technysk manager Foeke Booy oer de doelman. "Hij is met zijn rust en ervaring een waardevolle toevoeging aan onze selectie. Samen met João Virgínia en Brett Minnema hebben we nu alle doelmanposities voor komend seizoen ingevuld."
Nei it oefenduel tsjin Zwolle ferklapte Ruiter al in bytsje dat syn komst nei Cambuur wol goedkomme soe:
Robbin Ruiter nei de oefenwedstriid tsjin PEC Zwolle