Floddermûtsen en ûnderguod: Museum Heerenveen toant de klean fan eartiids

Konservator Femke Knoop fan Museum Heerenveen, mei de foto fan de twa froulju © Omrop Fryslân
Neat feroaret flugger as de moade. Yn Museum Heerenveen is op dit stuit de útstalling 'Traditie in Textiel' te sjen, mei Fryske klaaiïng fan eartiids, dy't oars it deiljocht amper sjocht.
It museum op It Hearrenfean hat mear as 1.200 stiks tekstyl yn de kolleksje. "En dêr binne noch net iens de assessoiren by rekkene", seit konservator Femke Knoop. "It sit yn doazen yn it depot. It wurdt eins net tentoansteld, mar no wol."
Knoop fertelt dat de eksposysje in grut ferskaat sjen lit. "It giet fan floddermûtsen dy't elts wol kin fan de streekdrachtfolkloare, oant kostúms, jakken fan side en poppeklean. Somtiden mei prachtige borduersels en details."
Femke Knoop fertelt oer 'Traditie in Textiel' op It Hearrenfean
De klean dy't minsken bewarje, binne faak de moaie, lúkse klean. De doopjurk en it troupak, mar net de fersliten broek of stoppe sokken. Mar yn de útstalling fan it museum binne ek gewoane stikken te sjen, oant ûnderguod ta.
"Je kinne it sa gek net fersinne of it wurdt bewarre. Wy hawwe ek wer net djoere coutureklean, mar mear klean fan de normale minsken út it deistich libben", seit Knoop.

Bysûndere ûntdekkingen

Sels fynt Knoop in âld kostúm it hichtepunt fan de tentoanstelling, benammen om't der ek in foto by bewarre is. Op de foto steane twa froulju yn dracht: ien fan dy kostúms wurdt bewarre troch Museum Heerenveen.
"Dat is leuk: dat je net allinne de klean hawwe, mar ek sjen litte kinne wa't it droegen hat. Dat wie in moaie ûntdekking. It kostúm hearde net mear by de deistige dracht, mar waard noch wol brûkt foar bysûndere gelegenheden."

It pak fan Tjaarda

Ek is der noch in pak fan de eardere eigener fan Hotel Tjaarda yn Oranjewâld, Andreas Willem Tjaarda (1882-1981). Fan him wurdt ek in troufoto bewarre. "It wie in hiel grutte man, sa hat bliken dien. En de frou is troud yn in swarte jurk, dat wie noch hiel gebrûklik yn Fryslân. Want dan hiene je ek fuortendaalks in jurk foar oare gelegenheden."
De troufoto fan Andreas Willem Tjaarda (1882-1981) © Omrop Fryslân
De klean dy't it museum bewarret, kinne net mear droegen wurde. "Wy hawwe de taak om it goed te konservearjen. It is 'not done' om dy noch te dragen", leit de konservator út.
"Tekstyl is kwetsber materiaal. Side skuord bygelyks hiel maklik. Dus it is in kwestje fan in goede temperatuer en goede omstannichheden as it om focht giet. Je moatte der soarchfâldich mei omgean."