Fries yn Lviv: graandeal liket goed nijs, mar sektor hat in hurde klap krigen

Willem Nammensma (rjochts) en kollega Андрій Беднарський © Eigen foto
Ierpelboer Willem Nammensma - in Fries dy't yn Lviv wennet en wurket - doart noch net te sizzen wat it akkoart fan Ruslân en Oekraïne oer de graaneksport yn de praktyk betsjutte sil. "Der leit hjir noch in hiel soad graan fan ferline jier. Dat moat earst fuort."
Der leit sa'n 20 miljoen graan yn Oekraïne te wachtsjen om eksportearre te wurden nei de rest fan de wrâld. Oekraïne en it Westen beskuldigje Ruslân derfan dat it de eksport tsjinhâldt mei blokkades yn de Swarte See. Ruslân siet just dat Oekraynske seeminen de oarsaak binne dat frachtskippen net útfarre kinne.
It is moai dat der no in oplossing is, seit de Seisbierrumer om utens. It duorret allinnich noch wol even foardat se der yn Oekraïne fan profitearje.
"We sitte no yn de tredde of fjirde wike fan de rispinge", seit Nammensma. "It graan giet nei de silo's ta, mar dy reitsje goed fol. Hjir leit noch in hiele berch."
De logistyk om it graan te ferfieren is djoerder as de prizen dy't we hjir foar it produkt krije kinne.
Willem Nammensma
Dat hat effekten foar de priis. Yn de rest fan de wrâld rinne dy op, mar yn Oekraïne binne de prizen troch it geweldige oanbod just leech. "De logistyk om it graan te ferfieren is djoerder as de prizen dy't we hjir foar it produkt krije kinne. Dat komt ek trochdat de logistyk hiel kompleks is."
Yn Oekraïne krije de ferbouwers fan graan noch net de helte fan de priis dy't se yn Nederlân krije kinne. "En de lokale munt is dizze wike ek nochris mei 25 prosint devaluearre. Doel is om it oantrekliker te meitsjen om Oekraynske produkten te keapjen, mar it betsjut ek dat it jild fan de lokale boer minder wurdich wurden is."
It deistige libben yn Lviv - in grutte stêd yn it westen fan Oekraïne - wurdt ek hieltyd gewoaner. "Je ha it wol de hiele dei oer alles wat spilet, mar as je net te folle om je hinne sjogge, ha je net yn de gaten dat der oarloch is."

'It lân krijt klappen'

Dochs binne de gefolgen fan de oarloch yn it relative rêstige westen wol fielber. "Je sjogge wol dat alles djoerder wurdt, dat bedriuwen muoite ha mei betellingen. En in hiel soad minsken binne fuort, it is in stik rêstiger op de dyk. Dat sjochst ek oan guon fjilden dy't net rispe wurde. Dat jout wol soargen, it lân krijt klappen."