Toerisme op Skylge boppe nivo fan foar coronakrisis: "Eerste halfjaar is een record"

Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Toeristen witte Skylge dit jier noch wer better te finen as yn de lêste simmer foar de coronakrisis. En dat wie al in topjier. Dat seit direkteur Michel Aaldering fan de VVV op it eilân.
Rederij Doeksen seach yn de earste helte fan dit jier it tal passazjiers groeien fergelike mei 2019. En it tal dagen dat minsken op it eilân bliuwe is ek flink groeid. It liket in goed jier te wurden foar it eilân. "Het eerste halfjaar is al een recordjaar", seit VVV Skylge.
Yn de coronatiid kamen minder minsken nei it eilân ta, mar it hat der neffens Aaldering wol foar soarge dat in nij publyk it eilân ûntduts. "Er zijn heel veel mensen geweest die voor het eerst in tijden weer eens in Nederland op vakantie zijn gegaan. Sommige vaste gasten zegden af, dus vaste plekken op het eiland waren vrij voor nieuwe gasten."
It eilân is neffens Aaldering grut genôch foar it groeiende tal toeristen. "We hebben gewoon een maximaal aantal bedden. Als het op is is het op." Dus mocht it wol folboekt wurde, dan soe it eilân noch hieltyd net oerrinne fan de minsken.

Ynternasjonaal toerisme

Yntusken binne ek de fêste fakânsjegangers wer werom op it eilân. "Het internationale toerisme trekt ook weer aan, de Duitse gasten weten ons weer te vinden. We hebben er nu nieuwe en oude fans bij."
Aaldering fynt it dreech om te sizzen oft de goede sifers fan it earste healjier trochsette en 2022 dêrmei in rekôrjier wurdt, ek omdat 2019 in hiel goed jier wie foar it eilân. "Ik denk dat het misschien net ietsje minder zal zijn."