Sinnepanielen Thialf wurde brânfeilich makke: "Yn oktober kinne se brûkt wurde"

Thialf © ANP Foto
Der wurdt op it stuit hurd wurke om de sinnepanielen op it dak fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean brânfeilich oan te lizzen. Boppedat moat Thialf wachtsje op Europeeske goedkarring om noch hast 2 miljoen euro coronastipe te krijen.
Wat de panielen oangiet wurdt faasje makke mei in oplossing: der wurde sa'n tsien brânkomparteminten yn it dak makke. Dat soe de kâns op in folsleine brân in hiel stik lytser meitsje. Earder wiene de panielen op it dak net brânfeilich, dêrom koene se net fersekere wurde en mochten se net oanset wurde.
"Nei ferwachting kinne wy de sinnepanielen yn oktober yn gebrûk nimme", tinkt direkteur Minne Dolstra. "Thialf is in grut stadion: it giet net allinne om de dakûnderbrekking, mar de sinnepanielen wurde ek op 'e nij fêstset."
"En dy wurde oanpast oan de easken fan dizze tiid, want de NEN-normearringen fan 2015 binne wer oars as dy fan 2020. It giet oer de elektryske ynstallaasje en oer de montaazje."

Fersekerders akkoart

As de oanpassingen net dien wurde, sille de fersekerders ek net fersekerje, seit Dolstra. "Wy hawwe in plan fan oanpak makke, dêr is akkoart op kaam. As wy it op dy wize oanlizze, dat wurdt ek kontrolearre, dan sille de fersekerders wer tastimming jaan en kinne wy se oansette."
Dat soe in finansjele meifaller wêze. Doetiidske deputearre Sander de Rouwe sei in jier lyn dat it net brûke kinnen fan de panielen Thialf yn alle gefallen 100.000 euro yn it jier koste.
Thialf © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Oft dat op kin tsjin de yntusken rap tanommen enerzjyprizen, wit Dolstra net. Thialf hat yn 2020 enerzjy ynkocht foar 2021 en 2022, dat koe doe noch skerp ynkocht wurde. "Dat sil dit jier op 800.000 euro útkomme. Sinnepanielen kinne sa'n 250- oant 300.000 euro opsmite, mar krekt wat it waar docht."
De ynkeap fan enerzjy foar de kommende jierren sil neffens de direkteur folle heger útfalle. "De prizen binne eksplodearre, troch de situaasje yn Oekraïne en Ruslân en de sanksjes. It betsjut dat wy op syn minst mei in miljoen omheech geane, dêr sit de opbringst fan de sinnepanielen al by."

Stipe

Der leit noch hast 2 miljoen euro oan coronastipe foar Thialf, mar dy kin de gemeente Hearrenfean net útkeare. De Europeeske Kommisje stelt krityske fragen, en der moat earst goedkarring komme foardat it jild oermakke wurde kin.
"It is in spesifike útkearing fan it Ryk, om coronaskea tsjin te gean. It Ryk hat in marzjinale toetsing dien, de tekoarten op de jierrekken binne yn kaart brocht. In eksterne akkountant hat akkoart jûn, dan giet it nei gemeente Hearrenfean en it Ryk", leit Dolstra út. "Mar om't Thialf yn 2020 steatsstipe oanfrege hat, wol de Europeeske Kommisje der ek nochris nei sjen."
Op alle fragen dy't de Kommisje hie, is no antwurd jûn, seit de direkteur. "En hooplik is it dêrmei klear." Mocht der gjin goedkarring komme, dan kin it ministearje Thialf noch stypje. "De minister hat yn it sportdebat oanjûn dat sy de útkomsten fan de Europeeske Kommisje ôfwachtet en respektearret, mar Thialf wol fan likwiditeit foarsjen wol."