Van der Poel en Groenewegen ek oan de start yn Surhústerfean

Mathieu van der Poel, earder dizze moanne yn de Tour de France © ANP
Hurdfytsers Mathieu van der Poel, Dylan Groenewegen, Taco van der Hoorn en Martijn Tusveld ride kommende tiisdei de Profronde yn Surhústerfean. Dat hat de organisaasje bekend makke.
De fjouwer Nederlanners begûnen twa en in heale wike lyn oan de Tour de France. Van der Poel is yntusken útstapt, de oare trije binne noch wol aktyf. De Tour de France einiget snein yn Parys.
Earder makke de Feanster organisaasje al bekend dat Fabio Jakobsen, Bauke Mollema en Koen Bouwman meidogge oan de 40e Profronde.

Groenewegen versus Jakobsen

Mei Groenewegen en Jakobsen komme der yn alle gefallen twa etappewinners fan dizze Tour de France nei Fryslân ta. De twa sprinters ha in ferhaal: Groenewegen feroarsake twa jier lyn yn de Ronde fan Poalen in falpartij, mei Jakobsen as grutste slachtoffer.
Gefoelich leit dat net mear, seit Erik Jager fan de organisaasje. "It binne profs en de spanning is der yntusken ek wol wat ôf."

Van der Poel mei net ûntbrekke

De organisaasje is ek te sprekken oer de komst fan Van der Poel: "In publykslûker fan formaat", seit Jager. "Dy mei yn dizze jubileumedysje net ûntbrekke."
Neffens Jager hat Van der Poel ek goede oantinkens oan Surhústerfean: dêr pakte er yn 2018 de Nederlânske titel by it fjildriden.
Mathieu van der Poel fiert syn oerwinning by it NK fjildriden yn Surhústerfean (2018) © ANP
Klear binne se yn Surhústerfean noch net: se hoopje noch mear Tourdielnimmers fêst te lizzen. Wa't dat dan krekt wurdt, wit Jager noch net. "We wolle hiel graach ien helje dy't in trui wint."
Erik Jager fan Profronde Surhuisterveen
Joop Zoetemelk is earegast by de Profronde. De lêste Nederlânske winner fan de Tour de France (1980) stie yn it earste jier fan de Profronde al oan de start. Hy wûn it kritearium yn Surhústerfean twa kear.