'Simmer yn Fryslân' yn Ealahuzen

Simmer yn Ealahuzen
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne wy tiisdei yn Ealahuzen yn De Fryske Marren. Dêr sjocht ferslachjouwer Johanna Brinkman by sylskoalle 't Stekelbaarsje. Piet Weerman fertelt oer de aktiviteiten dy't se organisearre foar de bern en wat dêr sa moai oan is.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus, giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart. Woansdei 20 july is Omrop Fryslân yn Wytgaard. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer