'Simmer yn Fryslân' is by ymker yn Nyegea

Simmer yn Nyegea
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne wy moandei yn Nyegea yn Smellingerlân. Dêr sjocht ferslachjouwer Johanna Brinkman by in ymker.
Robin Gosliga hat in soad bijekasten yn de omkriten fan it doarp en ek fier dêrbûten. Hy ferkeapet in soad ferskillende soarten huning.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus, giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart. Tiisdei 19 july is Omrop Fryslân yn Ealahuzen. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer