Foeke Booy: "We leggen de lat hoog. We maken het ons zelf extra moeilijk"

© Omrop Fryslân
Lewis Fiorini kaam net by SC Hearrenfean, omdat hy op it allerlêste momint keas foar Blackpool. En ek Cambuur seach in transfer op it lêste momint net trochgean. Technysk managers Foeke Booy en Ferry de Haan oer de transfersimmer fan Cambuur en sc Hearrenfean.
It falt net altyd ta om foar it begjin fan de kompetysje de spilers te krijen dy't je graach wolle. "Geduld is een schone zaak", is it kredo fan beide betelle fuotbalklups út Fryslân. Soms slagget it om in moaie slach te slaan, mar soms giet it ek mis.
"We willen liever gister dan morgen zaken doen, maar je hebt niet alles in de hand,. Dat is wel eens frustrerend". Technysk manager fan Cambuur Foeke Booy is dúdlik. Transfers binne nedich, mar je moatte ek geduld hawwe.
Cambuur is kritysk yn it fêstlizzen fan nije spilers. Yn it ideale plaatsje moat der in linker sintrale ferdigener komme, in oanfaller op de flanken en mooglik ek noch in rjochtsback.
Booy: "We leggen de lat hoog en maken het onszelf extra moeilijk. We zijn nu bezig met een linker centrale verdediger. Daar speelt iets concreets. Het gaat om een buitenlandse speler die gehuurd moet worden. Maar je krijgt niet altijd wat je wilt."
Het is aan ons te bepalen hoelang we willen wachten
Ferry de Haan, technysk manager sc Hearrenfean oer de komst fan Sydney van Hooijdonk
By sc Hearrenfean klinke deselde lûden as by Cambuur. De Feansters tochten Skots jeugdynternasjonal Lewis Fiorini binnen te heljen. Mar dat rûn efkes oars, fertelt technysk manager Ferry de |Haan.
"Het was op een paar details na rond. Rond het middaguur kwam er een andere club langs (Blackpool, red,) waar zijn oud trainer zat. Toen koos hij daarvoor. Het was ook dichter bij Manchester dan Heerenveen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Oer de komst fan Sydney van Hooijdonk lit De Haan witte dat benammen Bologna dêr fan grut belang is. "We zijn afhankelijk van Bologna wanneer en hoe er groen licht wordt gegeven We zitten niet ver uit elkaar. Het gaat meer om het tijdstip wanneer. Het is aan ons te bepalen hoelang we willen wachten".
De Sportcast fan 18 july 2022