Stefan van der Pal giet syn lêste nacht yn: "In ljochtsje docht it altyd goed"

Stefan van der Pal yn Harns © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Nei it swimmen en it hurdfytsen is ultrasporter Stefan van der Pal sneintemoarn begûn oan it tredde en lêste ûnderdiel fan syn Alvestêdetriatlon: goed 200 kilometer te hurddraven by de Fryske stêden del. Om 22.00 oere, krekt foar't hy de nacht yn rint, kaam hy oan yn Warkum.
Mei it berikken fan Warkum is Van der Pal oer de helte mei it draven, hy hat der dan goed 109 kilometer opsitten. De bedoeling wie om 6.00 oere te starten, mar dat rûn in healoerke út. "Syn tempo is yntusken wat sakke", fertelt syn frou Marianne fanút Warkum. "Mar elke stap is der no ien tichteby de finish."

'Moraal is goed'

De trainer fan Van der Pal, Jort van Zutphen, follet oan: "As it slagget, dan draaft Stefan. Slagget it net, dan kuiert hy. Syn moraal is goed, hy is fit en hy is helder. We tochten yn earste ynstânsje oan in finishtiid fan tolve oere moarns, mar miskien dat we wat earder werom binne yn Ljouwert."
Sawol syn frou as syn trainer ha in boadskip foar nachtlik publyk: "In ljochtsje ûnderweis docht it altyd goed. Elke kear as hy publyk sjocht, leeft hy op. Dan groetet hy de minsken en betanket se."

Trochkomst yn Harns

Krekt foar fjouwer oere kaam Van der Pal oan yn Harns. Doe hie hy sa'n 80 kilometer derop sitten.
It giet goed, seit er. Hy mei graach troch de drokte rinne en ek de hjitte fynt er lekker. "De begeleiding zorgt ervoor dat ik constant koud water over me heen gegooid krijg."

Soad stipe

Sneintemoarn by de start wie er noch mislik, dat is no foarby. Hy fielt him ek fit en tinkt dat er it ek wol folhâldt. "Er staan zoveel mensen langs de kant, dat is echt bijzonder. Bij het zwemmen merkte ik er niet zoveel van, bij het fietsen ging ik er heel snel bij langs. Nu merk ik hoe gaaf het is!"
Stefan van der Pal komt troch yn Harns
Oer it swimmen die er fiif dagen, it hurdfytsen gong saterdei yn sa'n sân oeren. By it swimmen hie er it swier, mar op 'e fyts wie it sneon lekker, sei er nei ôfrin.
Hy wol him no net hielendal de fernieling yn drave. "Het heeft geen zin om 13 kilometer per uur te lopen en op de helft kapot te zijn. Daar heb ik geen zin in." It stribjen is om yn trochsneed 10 kilometer yn 'e oere te draven.
Stefan van der Pal draaft de Alvestêdetocht
Van der Pal tinkt wol dat dit ûnderdiel it swierste wurdt. "Zwemmen is het langst, maar het hardlopen is wat mij betreft het allerpittigst." Dat hat te krijen mei de skokken dy't it lichem opfange moat.
Folgje Stefan van der Pal syn tocht op de foet: https://elfstedentriatlon-run.legendstracking.com/
De Ljouwerter docht it allegear om jild op te heljen foar stichting Semmy. Dy is oprjochte troch John Emmerik, de heit fan de lytse Semmy dy't fyftjin jier lyn ferstoar oan harsenstamkanker. De teller stiet op it stuit op goed 41.500 euro.
Hjir passearret Stefan van der Pal Bartlehiem
De ferwachting is dat Van der Pal moandei yn de rin fan de moarn wer oankomt yn Ljouwert.