sc Hearrenfean wint twa koartere oefenduels fan PEC Zwolle

Amin Sarr (argyffoto) © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat freedtejûn yn Zwolle twa oefenduels spile tsjin PEC Zwolle. De Feansters wisten beide kearen te winnen, beide duels einigen yn 0-1.
It gie wat oars as oars, der waarden 135 minuten fuotballe yn twa koartere duels. De earste groep fuotballers spile in wedstriid fan 75 minuten en de twadde groep twa kear in healoere.
Yn de earste wedstriid foelen der yn it earste healoere gjin goals, mar wol twa giele kaarten. Likegoed foar PEC as foar Hearrenfean. Ien kaart wie foar Van Hintum en ien foar Pawel Bochniewicz.
Oan de ein fan de earste helte wie Halilovic ticht by in doelpunt, mar hy skeat op de fuotten fan Schendelaar. Yn de twadde helte krige Amin Sarr in grutte kâns, mar in ferdigener fan PEC koe de bal noch keare.

Revâns fan Sarr

It duorre oant de 54ste minút foar't sc Hearrenfean in doelpunt meitsje koe. It slagge Sarr no wol, hy makke de 0-1. It bleau by dy stân, dêrmei wie de winst fan it earste duel foar Hearrenfean.
Yn de twadde wedstriid krige Gudnason in pear goede kânsen, mar dy fleagen njonken de goal. Alex Timossi baalde, want syn bal bedarre op de latte.
Ek yn de twadde wedstriid wist Hearrenfean úteinlik op in foarsprong te kommen, diskear troch in doelpunt fan Rami Kaib, yn de 38ste minút. Hy wist de bal efter doelman Duke Verduin te krijen. Dêrmei stie it 0-1 en dat wie op 'e nij fuortendaalks de einstân fan it duel.
Opstelling sc Hearrenfean
Match 1: Mous, Van Aken, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert, Sarr, Halilovic, Al Hajj, Tahiri, Van Ewijk, Haye.
Match 2: Timossi, Van der Heide, Kaib, Nunumete, Bekkema, Zaal, Gudnason, Beelen, Koida, Van der Veldt, Stassin.