Van der Pal nei fiif dagen swimmen wer yn Ljouwert: earste part Alvestêdetriatlon klear

Van der Pal doe't er freed by Easterwierrum swom © Kappers Media
Hy hat it oprêden: nei in swimtocht fan fiif dagen is Stefan van der Pal yn Ljouwert. Om 19.00 oere finishte hy by it WTC. Dêrmei sit it earste part fan de Alvestêdetriatlon der op: de kommende dagen wol er de rûte noch fytse en rinne.
Van der Pal begûn moandei mei de meunstertocht, om 07.00 oere moarns yn de Bonkefeart yn Ljouwert. Hy is al sûnt 2020 mei it projekt dwaande, mar it bleau dreech om de útdaging te befetsjen.
Stefan van der Pal is krekt út it wetter yn Ljouwert
Mei de aksje hellet Van der Pal jild op foar Stichting Semmy, dy't him ynset foar omûndersyk nei harsenstamkanker by bern. Op dit stuit is der al mear as 17.500 euro ophelle.
It gie freed as it slydjage, sei skipper Henk Jan Kok fan it team efter Van der Pal. "Hij heeft vandaag eigenlijk aan één stuk doorgezwommen. hij is enorm gemotiveerd en geconcentreerd."
Skipper Henk Jan Kok, freed om 17.45 oere hinne, noch krekt foar Ljouwert
Van der Pal makke freed in flinke fersnelling yn ferliking mei eardere dagen. "We hebben ervoor gekozen om gisteravond nog het Sleattemer Mar over te steken. Vanochtend zijn we om 5.30 uur gestart in Woudsend. We hebben alleen maar vlak water gehad, daardoor konden we de snelheid hoog houden."

Boppe de trije kilometer de oere

En dochs in hiele prestaasje, seit ek Kok. "Ik verbaas me er over hoe constant hij nog zwemt. Hij heeft alles boven de drie kilometer per uur gezwommen vandaag. Dat is echt grote klasse. Zijn hoofd is goed, hij maakt grapjes. Veel respect voor hem."
Tusken Snits en Ljouwert krige Van der Pal oanmoediging © Kappers Media
Op de brêgen dêr't Van der Pal ûndertroch swom, stiene al in soad minsken. "Dat heeft hij dik verdiend", seit Kok. It team woe Van der Pal noch wat te drinken jaan foar Ljouwert, mar dat woe er net. "Hij zei: ik wil naar huis."

Opknappe en dan op de fyts

Van der Pal sil yn de nacht fan freed op sneon yn it WTC-hotel sliepe. "Hij gaat eten en slapen en dan wil hij morgen rond 08.00-09.00 uur op de fiets stappen."
Nachts en op de fyts hopet Van der Pal wer wat op te knappen. Oer it fytsen hopet Van der Pal 10 oeren te dwaan en oer it draven 30 oeren, al is it mar krekt hoe't it rint.

Grinzen ferlizze

Yn it earste skema waard der rekken mei holden dat Van der Pal tongersdei al finishe soe mei de swimtocht, mar it die bliken dat dit wat te posityf rekkene wie. Want hy hat flink wat grinzen ferlizze moatten om it te heljen. Van der Pal hie te lijen fan flink wat wurgens en in soad skaafwûnen yn syn swimpak.
Van der Pal, tiisdei yn it wetter © Kappers Media
Tuskentroch waarden der wol powernaps dien en wie der sa no en dan skoft om te drinken en bygelyks nasy of makaroany nei binnen te wurkjen. Woansdei moast Van der Pal echt in knop omsette, want hy hie it dreech. Nei in skoft duorre it lang foar't er syn draai wer fine koe.
Ek de kjeld briek him soer op: in teken fan wurgens. De wyn en streaming sieten op guon parten tsjin, mar de sinne fan de ôfrûne dagen holp wol. Lykas de stipe fan de wâl ôf.