Welcome to The Village dizze kear yn de binnenstêd fan Ljouwert

Welcome to The Village © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Festival Welcome to The Village is freed nei hast trije jier wer fan start gien. It is dit kear net op it fertroude plak by de Griene Stjer, mar yn de Ljouwerter binnenstêd.
It like der foarich jier hast op dat it festival trochgean soe by de Griene Stjer. Corona-proof: mei minder minsken, ferdield oer trije groepen. Mar it wie de rjochter dy't in streek troch de fergunning helle, wêrtroch't it dêr doe net trochgean koe.
De rjochtsaak wie oanspand troch Groene Ster Duurzaam. De stichting fiert al jierrenlang rjochtsaken tsjin de fergunningen foar festivals yn it Griene Stjergebiet. De gemeente Ljouwert en de provinsje hiene neffens de rjochter dit kear flaters makke by it ferlienen fan de fergunning.

Corona

De organisaasje fan it festival makke doe yn in pear dagen tiid in nij plan yn de Ljouwerter binnenstêd. It festival soe holden wurde yn poppoadium Neushoorn, skouboarch De Harmonie, kafee De Markies en op it Mata Hari-plein. Mar doe waarden de maatregels om corona tsjin te gean wer skerper en koe ek dat net trochgean.
Welcome to the Village yn de binnenstêd fan Ljouwert
Welcome to The Village hat it plan foar de binnenstêd wer út de kast helle, om't se gjin nocht hawwe oan de ûnwissichheid fan de fergunningferliening. Boppedat fiere se dit jier it 10-jierrich jubileum, dus se wolle gjin risiko nimme.
Festival Psy-Fi, dat dit jier yn septimber plakhat, nimt de gok wol. Se organisearje it festival gewoan wer by de Griene Stjer, mar ek hjir rint noch in rjochtsaak tsjin, dy't takom woansdei tsjinnet.

Bestimmingsplan

Yntusken is de gemeente Ljouwert al jierrenlang dwaande om de juridyske striid tsjin de festivals definityf op te lossen. Dat wol de gemeente dwaan mei it oanpassen fan it bestimmingsplan.
Dat betsjut dat der net alle jierren wer nije fergunningen ôfjûn hoege te wurden dêr't minsken tsjin yn beswier komme kinne. Dat kin dan ien kear: by it definityf meitsjen fan it bestimmingsplan en dêrnei is it klear. Mar dit rint al jierren fertraging op.
Wethâlder fan kultuer yn Ljouwert Hein Kuiken