Steatelid Klaas Kielstra oer bommelding: "Safolste haadstik yn in ferfelend drama"

Plysje by it Provinsjehûs yn Ljouwert © Kappers Media
Fryske Steateleden dy't thús opsocht wurde, bomdriging by it provinsjehûs, online skelpartijen en bedrigings: se krije it aardich foar de kiezzen de lêste tiid. En dat wylst de grutste diskusje oer stikstof noch komme moat.
"It wie hiel ferfelend om in pear oeren yn de Steateseal bliuwe te moatten", seit ien fan de langstsittende Steateleden Klaas Kielstra oer de dei fan juster doe't it provinsjehûs fanwegen in bommelding op slot moast. "Mar it wie de feilichheidsynstruksje en dêr hâldst dy oan."
Fraksjefoarsitter Klaas Kielstra fan VVD Fryslân (argyffoto) © Omrop Fryslân
Hy neamt it it safolste haadstik yn in ferfelend drama. "We binne der wol oan wend dat der demonstranten foar de doar steane en dat is ek har goed rjocht, mar dit is in eskalaasje fan de protesten."
Syn kollega Wiebo de Vries fan de ChristenUnie is it dêr mei iens. Hy docht it wurk no 11 jier. "Dat ha ik oant no ta altyd mei in soad wille dien. No tink ik wol: ik meitsje de 12 jier fol en bliuw my ynsetten foar Fryslân. It docht allinnich wol wat mei je."
Steatelid Klaas Kielstra oer de bommelding
De Vries makket him soargen oer wat him no ôfspilet yn de provinsje: "Oer wat der libbet yn dizze maatskippij. Dêr't we gjin fet op krije. Dêr sit myn soarch."

Drigingsnivo

Neffens Kielstra kinne de Steateleden har wurk noch wol goed dwaan. "We dogge ús wurk. Ik ha 42 kollega's en we dogge dat mei hert en siel foar Fryslân. Somtiden krije we teksten nei de holle slingere dy't net fraai binne. Der sit wol in bepaald drigingsnivo yn en dat jout in hiel ferfelend gefoel."
Klaas Kielstra
Kielstra kin it by him delglydzje litte en hat begryp foar de emoasjes fan minsken. "Mar ik ha gjin wurdearring foar dizze emoasjes, dit rekket immen persoanlik. It is ek ûnfoarsisber: wêr einiget it? Bliuwt it by wurden of wurdt it ek werklik omset yn aksje? Dat jout in ûnrêstich gefoel."
De Vries fynt dat ek. Hy fernimt allinnich wol dat de impact op syn omjouwing grut is. "Sy makken harren soargen. Dat hat impact op my."

Debat op in goeie wize fiere

Yn it neijier moatte de Steaten te set oer de stikstofplannen. De hoop by beide manlju is dat it debat dan mei fatsoen fierd wurde kin. "Ik fyn dat we dat debat op in goede wize oangean moatte. Ik fiel dat in grut part fan de boeren dat ek wol fynt. Ik tink dat in lyts part fan Fryslân dit no oangrypt om de boel in bytsje ûnfeiliger te meitsjen. Je moatte altyd it petear mei-inoar oangean bliuwen."