Nei 15 jier wer romte foar mear wenningen yn Folsgeare

© ANP
Folsgeare kin lang om let útwreidzje. It kolleezje fan Súdwest-Fryslân jout goed 80.000 tariedingskredyt om de wenningbou te ûntwikkeljen. Yn 2007 wie de earste faze al fan dat plan.
It giet om it útwreidingsplan oan de Wallemadyk. Troch de krisis lei it plan jierren stil, mar mei de aktuele wenningneed is it wer op de aginda set.
"Het doel is om de komende vier jaar minimaal 1.000 woningen te realiseren. Daarbij gaat wat ons betreft ook geen kern op slot. Ik ben dan ook blij dat we het plan in Folsgare nieuw leven in kunnen blazen. Daarbij kijken we uiteraard naar de actuele wensen van dorpsbewoners en behoeften in de markt", seit wethâlder Michel Rietman.
Yn it plan út 2007 wie plak foar 22 wenningen, dêrfan binne 8 boud. De ynfolling fan de rest fan de boukavels stiet noch net fêst. Mei de ynwenners wurdt dêr nei sjoen. Der wurdt ek sjoen nei it ferlet fan betelbere wenningen foar starters en senioaren.