Delstoarte Dútske piloat by Nijtap nei 79 jier identifisearre

Konstantin Benzien © SMAMF
In Dútske piloat dy't yn de Twadde Wrâldoarloch mei in jachtfleantúch delstoarte yn Nijtap by De Pein is nei 79 jier identifisearre. It giet om ûnderoffisier Konstantin Benzien.
It fleantúch kaam op 11 desimber 1943 del op in slachterij yn de buorskip. Om't dat mei sa'n hege faasje barde, kaam it tastel djip yn de boaiem terjochte.

Loftgefjochten

Fan de piloat waarden allinnich mar wat stoflike resten fûn. Hy waard yn in grêf sûnder namme begroeven. De Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF) hat dêrnei lange tiid besocht om de namme fan de piloat te efterheljen. Troch DNA-ûndersyk is dat no dus slagge.
Dútske piloat krijt in namme
It fleantúch mei Benzien dêryn wie net it iennige fleantúch dat dy dei delstoarte. Neffens de stichting reinde it dy dei fleantugen. Dit kaam trochdat de Luftwaffe in groep Amerikaanske bommesmiters ûnderskeppe koe. Dêrop ûntstiene fûle loftgefjochten. Der binne op syn minst 20 Amerikaanske en 10 Dútske tastellen delstoart.

Twa fermisten

De measte slachtoffers koenen al frij fluch identifisearre wurde, mar hokker Dútske piloaten der krekt omkommen wie, bleau lange tiid in mystearje. Ut argyfûndersyk fan it SMAMF die bliken dat op 11 desimber 1943 mar twa Dútske piloaten fermist wienen: Friedrich König en Konstantin Benzien. Ien fan harren moast dus wol it slachtoffer yn Nijtap wêze.
Yn 1999 waard dúdlik dat König omkommen wie by it Drintske Peest. Dêrmei wie neffens de SMAMF dúdlik dat it Benzien wie dy't yn Nijtap om it libben kaam. De Dútske autoriteiten identifisearje lykwols allinnich mar minsken op basis fan DNA-bewiis en dat wie der noch net.

DNA krije wie net maklik

It efterheljen fan it DNA fan de famylje Benzien wie lykwols net maklik. Syn neiste famylje wie al dea. De beppesizzers fan in suster fan Benzien kamen boppedat net mear yn oanmerking foar it leverjen fan in DNA-meunster.
Undersiker Alexander Tuinhout krige wol twa sluven yn hannen fan de âldste suster fan Benzien. It Nationaal Forensisch Instituut slagge deryn om fia de postsegels en de lymrannen DNA feilich te stellen. It DNA-profyl fan de bonken fan de ûnbekende piloat kaam oerien mei it DNA-profyl fan de âldste suster. Dêrmei waard definityf dúdlik dat it om Konstantin Benzien giet.
Alexander Tuinhout