Provinsjehûs yn Ljouwert is wer frijjûn nei eardere bommelding

Plysje by it Provinsjehûs yn Ljouwert © Kappers Media
It provinsjehûs yn Ljouwert is tsjin twa oere wer frijjûn nei de eardere bommelding. Fanwegen dy bommelding wie de Twibaksmerk yn Ljouwert ûntromme.
Plysjes by it provinsjehûs stienen bûten mei kûgelfrije festen. Direkt nei de melding wienen alle amtners fan it provinsjehûs nei de Kommisjeseal yn de kelder brocht. De steateleden moasten in skoft yn de steateseal bliuwe, dêr setten se de gearkomst letter troch.
It wie de Steateleden en oare oanwêzigen yn it Provinsjehûs ferbean om it gebou te ferlitten. Neffens ferslachjouwer Onno Falkena wie der net echt panyk, mar wiene minsken benammen koart nei de melding wol senuwachtich.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de situaasje
Kommissaris Arno Brok dielde earder mei dat it om in bommelding gie. De plysje woe dat noch net befêstigje, en hie it oer "een verdachte situatie". "Wij zijn op dit moment aanwezig in de binnenstad. We hebben de panden rondom de Tweebaksmarkt ontruimd", sei in wurdfierder fan de plysje.
Neffens Brok soe de plysje in melding ûndersykje fan ien persoan dy't mei in messebom ûnderweis wêze soe nei it Provinsjehûs. "Foar it checken fan de melding hat de plysje in oerke nedich", sei de kommissaris fan de Kening.
Aksjedriging by Provinsjehûs yn Ljouwert: “Plysje yn kûgelfrije festen”
De Steateseal en Kommisjeseal wienen troch de plysje as feilich oanwiisd, sei Brok. "It advys is mei klam om net troch it gebou te rinnen."

Soarchlik

Steatelid Wiebo de Vries fan de ChristenUnie neamde de hiele situaasje "soarchlik": "Ik bin no alve jier Steatelid, dit ha ik noch nea earder meimakke."
Hetty Janssen fan PvdA Fryslân hie al sein dat se it wichtich fûn dat de Steategearkomst fuortset wurde soe. "Als je je werkzaamheden stopzet, dan geef je toe aan dreiging."
Brok die dus ek it útstel om nei in koart skoft wer fierder te gean mei de gearkomste. Dy giet woansdei oer de Lelyline en it Deltaplan fan it Noarden.
Kommissaris Arno Brok
Bûten it Provinsjehûs wie it grutdiels ferlitten. De Twibaksmerk wie oan beide kanten ôfsletten, lykas de Oosterstrjitte. De plysje docht ûndersyk nei it ynsidint.
Ferslachjouwers Hayo Bootsma en Onno Falkena by it provinsjehûs