Befeiliging yn diskobussen

25 nov 2011 - 19:12

De bussen fan Connexxion dy't yn it wykein it diskoferfier fan en nei Berltsum fersoargje krije mei yngong fan dit wykein in befeiliger mei. Reden hjirfoar is it tanimmend oantal klachten dat de gemeente de lêste tiid krige oer benammen fernielings yn de bussen. De bussen wiene soms sa fernield, dat se moandeis net ynsetten wurde koene op de gewoane tsjinstregeling. Connexxion hat dêrom by de gemeente frege om ekstra maatregels. De befeiliger sil tasjen op it strikter hanthavenjen fan de tagongsregels, lykas it hawwen fan in kaartsje en it meinimmen fan drank yn de bussen.

It is net bekend wa't de kosten fan de befeiliging betellet.

Trefwurden: 
diskobussen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)