Knol (FNP): "Provinsje en gemeenten steane yn frontliny fan polarisaasje"

Sijbe Knol (FNP) © Omrop Fryslân
Fraksjefoarsitter Sijbe Knol (FNP) seit dat provinsje en gemeenten op it stuit "yn de frontliny" fan polarisaasje steane. Hy hat snein in brief stjoerd oan Rutte, Kaag, Hoekstra en Segers wêryn't er opropt ta lanlik liederskip.
Neffens him docht it kabinet te faak en te gau in berop op gemeenten en provinsje. "Wy hobbelje fan krisis nei krisis, en wy sjogge dat de oerheid dy stelselmjittich by gemeente en provinsje delleit, faak praktysk net út te fieren."
"Dat betsjut dat wy op dit stuit yn de frontliny fan de polarisaasje steane, dêr ha ik grutte soargen oer. It foarbyld is stikstof, der moat wat barre, dat witte we allegearre, en der sil ek wat barre."
Hy fernimt dat gemeenten en provinsje dêr lykwols hieltyd minder romte yn krije, wylst it op provinsjaal nivo altyd aardich gong, fynt er. "As provinsje binne jo yn petear mei it lânboukollektyf, dat giet hiel aardich, mei 'horten en stoten', mar je komme earne."
"En dan krije wy dêrop sa'n brief fan it kabinet mei wol in hurd boadskip, allinnich it perspektyf dêr't we mei-inoar ferlet fan ha, dat ûntbrekt op dat stuit." Dêrom is de oprop yn syn brief oan it kabinet: "Bring saken posityf, jou minsken dêr perspektyf yn en nim ús dêryn mei."

Unrêst yn de mienskip

"De lêste twa wiken meitsje wy yn dizze provinsje ek dingen mei dy't wy noch net earder meimakke ha", fertelt Knol. "Wy sjogge op it stuit in soad bedrigingen, yntimidaasje, in soad ûnrêst yn de mienskip."
Neffens him begjint dy ûnrêst yn de Twadde Keamer. Dêr giet it neffens Knol net mear oer it grutte plaatsje. "It fundamintele debat oer wêr wolle wy mei dit lân hinne, wat is it ferhaal fan dit lân, dat wat inoar bynt. Dat ûntbrekt, it is allegearre yn de waan fan de dei."
Knol wit net oft it it kabinet, of eins de hiele Twadde Keamer oan te rekkenjen is. "It is miskien ek in stik ûnmacht."

Dynamyk

Dat de brief krekt snein op papier kaam, hie neffens Knol te meitsjen mei wat der de ôfrûne wiken spile hat. "Der is in dynamyk ûntstien de lêste wiken wêrfan't ik nea tocht hie dat wy dy yn Fryslân ha soene. It fielt ek hiel ûn-Frysk oan."
"Wy gongen altyd mei-inoar yn petear, je wiene it ek wol ris net mei-inoar iens, mar je joegen inoar noch de hân. Op guon plakken liket dat net mear mooglik te wêzen. Dat is in grutte skande."
"Dit lân hat grut ferlet fan in ferhaal mei perspektyf, en in ferhaal dat ús bynt", fynt Knol. "Op dizze wize komt it net klear."