PvdA-krityk op PvdA-wethâlder

25 nov 2011 - 17:12

De PvdA yn Harns set fraachtekens by de beneaming fan partijgenoat Glasbeek as nije wethâlder. De krityk rjochtet him tsjin it feit dat Glasbeek as PvdA'er de belangen fan de fiif koälysjepartijen behertigje sil. De PvdA sit yn Harns yn de opposysje. Frisse Wind, Harnzer Belang, Grien Links, D66 en de SP hawwe it foar it sizzen yn Harns.

It kolleezje bestiet no út in VVD-boargemaster en twa PvdA-wethâlders. Njonken de krekt beneamde 57-jierrige Peter Glasbeek út Leiderdorp as opfolger fan de opstapte Jan de Boer is ek Maria Le Roy wethâlder yn Harns.

Trefwurden: 
PvdA Peter Glasbeek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)