'WK pitch-putt nei Wolvegea'

© www.pitch-putt.nl
It WK pitch en putt 2013 komt nei Wolvegea. Alteast dat hopet Erik Jorritsma, direkteur fan Pitch&Putt Support. Dat is in bedriuw dat foar pitch en putt-banen yn Nederlân soarget. De baan yn Wolvegea is neffens hem ideaal foar it WK. Der is goed oersjoch op it fjild. De baan is dit foarjier oanlein. It wurdt in grut súkses, seit Jorritsma.
Pitch en putt is in soart minygolf. It Nederlânse Pitch en Putt-team is sa enthûsjast oer de baan Wolvegea dat se derhinne reizigje om te trainen. It team riedt him op dit stuit ta op it Katalaanske Open, in wedstriid yn Spanje. De baan yn Wolvegea liket mear op ynternasjonale parkoersen as oare banen yn Nederlân. Dêrtroch kin it team him dêr ek better tariede op de ynternasjonale wedstriden as op oare plakken.