Rûge see soarget foar seesykte by earste etappe Tall Ships Races

De skippen op iepen wetter © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De earste dei fan de earste etappe fan de Tall Ships Races stiet yn it teken fan de hurde wyn en de rûge see. De trainees oan board fan de Wylde Swan komme dan ek al gau yn de kunde mei de útdagingen fan it seemanskip.
Al by it útfarren fan de haven fan Esbjerg is te merken dat der in hurde noardwester stiet. Op in pear útsûnderingen nei hâlde de measte skippen harren grutste seilen oprôle. Spitich foar alle Denen oan de kade, mar feiligens giet foar alles.
Ien fan de skippen © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
By de Captain's Briefing op sneon hawwe alle kapteinen fan de dielnimmende skippen koördinaten krigen fan de startline. Hjir dus gjin startskip, mar in digitale line yn see.
De grutste Tallships (de A-klasse) meie hjir pas tusken seis oere en healwei sânen oerhinne. En dus is der yn it wedstriidfjild fuort al strategy te sjen. Want wylst de ien eefkes in pear kear hinne en wer sylt om mar alfêst wat manoeuvres te oefenjen, kiest de oar derfoar om krekt foar de startline te dobberjen.
As it dan om seis oere safier is, ûntstiet der in prachtich skouspul, mei alle A-klasse skippen ticht byinoar op de iepen see. Seilen safolle mooglik yn top.
Navigearje op it wetter © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De rûge see en hurde wyn soargje derfoar dat de skippen dúdlik in eigen plan lûke op de rûte, mei de ien in stik heger op de wyn as de oar, en it wedstriidfjild falt dan ek stadichoan útinoar.

Ungelok op de Thalassa

It Fryske tallship de Thalassa moat lykwols om in oere as njoggen jûns de wedstriid stake, fanwege in brutsen heup fan in meiwurker oan board. De oare skippen besykje fia de marifoan ynformaasje en help te jaan, mar de Thalassa sjocht gjin oare opsje as werom te gean nei Esbjerg om de ferwûne meiwurker sa goed mooglik te helpen.

Seesykte

Oan board fan de Wylde Swan is de grutste medyske needsaak de seesykte. Tsientallen trainees moatte deroan leauwe en hingje al gau nei de start fan de race boppe in amer, of oer de reling.
In safety briefing, snein foar it ôfreizgjen © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De crew fan de Wylde Swan hie by de ynstruksje op sneintemoarn al oanjûn dat spuie oer board de foarkar hie.

Waarsomslach

Yn de nacht krije de dielnimmers noch in oare útdaging derby, want it waar slacht om. In hegedrukgebiet is ûnderweis nei it noarden, en driuwt reinwolken nei de skippen ta. Mar mei de reinbroeken en learzens oan slaan de (net-seesike) trainees har der trochhinne.
Noch trije dagen te gean, op nei Harns. Dêr't waarmer en better waar op har wachtet.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar fart foar Omrop Fryslân mei op de skippen fan de Tall Ships Races. Sy docht alle dagen ferslach fan it evenemint.