Trainees op tallship leare oer it silen, mar ek oer it libben

Chenna en Miloeska by de Wylde Swan © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De Tall Ships Races binne folle mear as in wedstriid fan grutte skippen. Foar Chenna en Miloeska bygelyks: dy geane as trainee mei fan Esbjerg nei Harns. Se leare oer it silen, mar ek oer it libben.
De twa jonge froulju farre mei op de Wylde Swan, in Frysk opliedingsskip. Chenna en Miloeska ha harren opjûn fia it jongereinwurk yn Harns. Om mei te kinnen, ha se fan alderhande aksjes hâlden om jild te garjen foar de reis.
Chenna wol graach mei omdat se net sa goed wit hokker kant oft se op wol yn har libben. "Ik twivelje bygelyks al lang oft ik miskien in oplieding seefeart dwaan wol", seit se. "Nei dizze reis kin ik better beslute oft ik dat wol."
Se tinkt dat se troch de reis stabiler wurdt en dêrnei bettere karren meitsje kin.
We seagen by Chenna en Miloeska by it ynpakken fan de tas:
Trainees op de Wylde Swan leare oer it silen en it libben
Neffens kaptein Tsjerk Hesling Hoekstra wurket it meifarren op in skip ek sa. "It is in ynternasjonaal selskip fan jongeren. Se leare gearwurkjen en ek om minskekennis op te dwaan. Guon jongeren binne oan de begjin fan de reis skruten. As se dan werom komme, sjochst hoe grutsk oft se binne."

'Sosjale snelkookpan'

Hy omskriuwt it as in 'sosjale snelkookpan'. "Sitst 24 oeren mei elkoar oan board, dan geane sokke prosessen folle rapper."
Chenna en Miloeska koenen elkoar noch net, mar sûnt se har opjûn ha by it jongereinwurk wol. En se binne yntusken goede freondinnen, dy't elkoar ek helpe by it ynpakken fan de tas.

Steviger yn 'e skuon

Krekt as Chenna ferwachtet Miloeska dat de ûnderfining har helpt yn de takomst. "Ik begin straks aan een nieuwe opleiding. Dan is het ook weer spannend om opnieuw te beginnen. Na zo'n reis sta ik hopelijk wat steviger in m'n schoenen."
De tallships komme tongersdei oan yn Harns. Tusken 11.00 en 15.00 oere is dan de Sail In, in grutte parade fan de grutste skippen. De Sail is ek live te sjen by Omrop Fryslân, op telefyzje en online.
Sjoch op dizze webside om de skippen te folgjen.