Knol (FNP) yn brief oan kabinet: "Bedrigingen en yntimidaasjes fleane ús om de earen"

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP © Omrop Fryslân
FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol ropt yn in iepen - Frysktalige - brief polityk lieders Rutte, Kaag, Hoekstra en Segers op om liederskip te toanen. Hy skriuwt dat it lân bestjoerd wurdt troch managers yn stee fan fisjonêrs.
Der binne allegear krisissen: fan asylkrisis oant wenkrisis en fan taslaggekrisis oant arbeidsmerkkrisis. En ek de kwestjes fan de Grinzer ierdbevingen, stikstof, klimaat, enerzjy en de keapkrêft spylje.
Se wurde net oplost, mar wurde dellein by gemeenten en provinsjes dy't har dermei rêde moatte, mar wol mei knipende kaders derby, skriuwt Knol.
Dat ik op sneintemoarn om 06.00 oere efter myn laptop sit om dizze iepen brief te typen is gjin lúkse. Ik meitsje my mear as grutte soargen.
Sijbe Knol
"De bedrigingen en yntimidaasjes fleane my en myn kollega's yntusken om de earen", skriuwt Knol. Hy beneamt ek dat der feilichheidsmaatregels troffen binne en dat it woansdei in spannende dei yn en om it Provinsjehûs wurdt.
"Dat ik op sneintemoarn om 06.00 oere efter myn laptop sit om dizze iepen brief te typen is gjin lúkse. Ik meitsje my mear as grutte soargen", skriuwt er.
Hy beslút syn brief mei: "Los saken op, gean oan de slach, bestjoer. Meitsje begryplike karren, lis dy út en jou perspektyf. Der is wurk, in hiel soad wurk te fersetten."