Rûte Tall Ships Races oanpast troch min waar

In Tallship © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De rûte fan de earste etappe fan de Tallships Races is troch de organisaasje oanpast fanwege it waar. De skippen farre fan snein oant woansdei in rûte fan sa'n 200 seemyl, fan it Deenske Esbjerg nei Harns.
Yn earste ynstânsje wie der sprake fan in kar tusken twa rûtes, in lange (fan sa'n 250 myl) en in koarte (fan sa'n 150 myl), mar fanwege de waarfoarsizzing fan foaral snein en moandei, hat de organisaasje it beslút naam om foar in tredde opsje te kiezen. De sterke noardwestewyn soarget foar de feroaring.

De rûte

De rûte sa't dy no yn it wetter leit, giet fan it startpunt by Esbjerg yn súdwestlike rjochting. Om dêrnei ôf te bûgjen nei in folslein westlike rjochting. Uteinlik moatte de skippen in draai meitsje nei it suden, om dan boppe de Waadeilannen te finishen.
De rûtebesprekking © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De waarfoarsizzing jout by de start op snein in wynkrêft fan 23 knopen oan, mei in weachhichte fan twa meter. Ek moandei kinne de weagen noch dizze hichte berikke, om dêrnei ôf te swakjen nei in hichte fan in meter.
Ek sil de wyn op tiisdei draaie: fan noardwest nei súd. Dit betsjut dat de skippen it lêste stikje lavearje moatte, om de finish by de Waadeilannen te berikken.

Bysûndere ûnderfining foar trainees

Foar de trainees dy't mei sille op de skippen betsjut it ek in oare ûnderfining, sa mei it heftige waar. "Mar ik ha der wol nocht oan", seit ien fan harren. "We sille it wol meimeitsje."
In oar, dy't noch gjin ûnderfining op in skip hat, moat it noch even oansjen. "Dy weagen fan trije meter heech ha ik net sa'n nocht oan. Mar se sizze dat de wyn ek wer lizzen giet, dus it sil wol goedkomme."

Skippen folgje

Nei de finish meitsje de skippen har op foar de Sail In: de grutte parade fan de A-skippen (de grutste skippen). Dizze is takom wike tongersdei ek live te sjen by Omrop Fryslân telefyzje. Om de skippen nei de start te folgjen, sjoch op dizze webside.