Oane Galama wint mei in sintimeter ferskil yn Winsum

Oane Galama © Dijks Media
Oane Galama hat de ljepperij by Winsum wûn. Mei in sprong fan 19,78 meter wie syn ôfstân ien sintimeter fierder as de nûmer twa Rutger Piersma.
Nei de foarronde gie Sytse Bokma noch oan de lieding mei 19,43 meter. Ek de 19,13 meter fan Rutger Piersma wie better as de bêste foarrondesprong fan Galama (19,01 meter).

Persoanlik rekôr foar Smit

Yn de finale gie de tuskenstân lykwols folslein op 'e kop. Minne Smit kaam nei de earste finalesprong oan de lieding. Syn 19,46 meter wie in nij pr. Genôch foar de oerwinning wie it lykwols net, want Galama gie mei 19,78 meter rom oer de ôfstân fan Smit hinne.
Dêrnei koe nimmen Galama noch fan de oerwinning hâlde, al kaam Piersma noch ôfgryslik tichteby. Yn syn lêste finalesprong kaam hy ta 19,77 meter. Ien sintimeter minder as de ôfstân fan Galama.
Oane Galama is de eearste ljepper dit seizoen mei twa deititels
By de froulju hie Marrit van der Wal in seldsume minne dei: se miste de finale. Sadwaande leinen der kânsen foar oaren. Sigrid Bokma profitearre it meast. De ljepster fan Hylpen sprong nei 15,01 meter en pakte dêrmei de oerwinning. It twadde plak wie foar Inger Haanstra (14.28) en Femke Rispens waard tredde (14.27)
Wisse Broekstra wie wer ris de bêste by de junioaren. Hy sprong 19,01 meter. By de jonges wie Auke Jan Jilderda de bêste (16,29 meter) en Hilde van der Weij sprong it fierst by de famkes (13,64 meter).
Takom moandei komme de ljeppers wer yn aksje. Dan is de ynhelwedstriid op de skâns yn Drylts.